Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld


Foar it bûsboekje:


Tiisdei 4 septimber 2018 om 10.00 oere

Kommisje Earnewâldster Rûnte


Sneon 27 oktober 2018 om 19.30 oere

Muzikale jûn mei in oertinking oer it tema Rispinge fan frou H.G. Koops fan Skettens en muzyk fan

Jan van der Wal en Tsjibbe Reitsma op oargel en

Harmoanium


Tiisdei 6 novimber 2018

Ekstra jûn fan de ER ta gelegenheid fan de presintaasje fan it nije boek ‘Komt het goed met de wereld?’ fan Prod. Dr. Niek Schuman.

Oanlieding ta dit boek, wie in fraach fan in besiker fan de ER op 3 maart 2015 nei oanlieding fan syn lêzing op dy jûn.

Earnewâldster Rûnte, program seizoen 2018-2019

foar de seis lêzingen oer

‘Diggels en boustiennen’


De titel slút oan by de minsklike oerûnderfining dat wy libje yn in wrâld, dy’t wy net ‘goed’ neame kinne, sa’t it wie ‘yn it oanbegjin’ (Genesis 1). De wrâld is net in paradys. Alle dagen wer oan fernimme wy dat it kwea tal fan troanjes hat en rûnom opdûke kin: nytgjend en tergjend en bytiden alles fertsjusterjend.

It minske-wêzen is paradoksaal en fol mei tsjinstridichheden. Der is in fielen fan in tekoart. Oan de iene kant is men yn in ûnbegryplike wrâld bedarre, sûnder dat men dêr sels foar keazen hat en oan de oare kant is men frij, kin men kieze en dêr jins ferantwurdlikheid foar drage, mar sûnder dat men dêr de konsekwinsjes fan oersjen kin. It minsklike bestean is dan ek in wif en nuodlik bestean. Men hat dan wol de opdracht om, lit it wêze mei fallen en oerein kommen, te bouwen oan in leefbere wrâld, mar fanwegens de macht fan it kwea kinne jins goede bedoelings krekt oarsom útpakke. Sa libje wy ús bestean mei diggels likegoed as mei boustiennen. Krekt dy paradoks is it tema fan de rige lêzings foar it oansteande winterskoft. Seis sprekkers sille elk op in eigen wize en út in eigen ynfalshoeke wei har ljocht skine litte oer ien of mear kanten fan dit tema.  


Tiid: alle jûnen fan19.30– 21.30 oere. Alle jûnen begjinne dit winterskoft om 19.30 oere!

Plak: PKN tsjerke Eben Haëzer. Adres: Wiidswei 6, 9264 TL Earnewâld

Yntekening: troch€ 35,00(de man/frou) oer te meitsjen op bankrekken NL62 RABO 0132 7430 51 op namme fan Frysk Oekumenysk Wurkferbân, Nes, mei fermelding: seizoen 2018-19 en jo adres en postkoade. Sûnder adres en postkoade kinne wy jim it program net tastjoere, om’t banken wegerje de adressen fan bankrekkens troch te jaan! It program wurdt jim nei betelling begjin septimber tastjoerd.

Kontaktadres: Tine van Minnen, Wiesterwei 12, 9143 WJ  Nes (Dongeradiel)

Tillefoan: 06 – 20 60 04 09   E-post:tine.vanminnen@kpnplanet.nl


Tiisdei 18 septimber 2018     Ynlieder: Stevo Akkerman

‘Gjin ûntkommen oan . . . ’

Liberaal Kristendom: net otterdoks, iepen, frijmoedich

Stevo Akkerman is kollumskriuwer en redakteur Religy en Filosofy by Trouw. Dêrneist is er romanskriuwer.


Tiisdei 23 oktober 2018        Ynlieder: Matthias Smalbrugge

‘Diggels bringe gelok. De boustiennen fan it ik.’

Hoe sjogge wy yn ús kultuer tsjin it eigen ik oan?

Prof. Dr.Smalbrugge is gewoan heechlearaar oan de telogyske fakulteit fan de VU yn Amsterdam.


Tiisdei 20 novimber 2018  Ynlieder: Paul van Tongeren

‘It kwea en de frije wil.’

Oer hoe’t Augustinus de wil ûntdekt as oplossing foar it probleem fan it kwea.

Prof. Dr. Paul van Tongeren wie oant syn emearitaat gewoan heechlearaar wiisgearige etyk oan de Radboud

Universiteit yn Nimwegen en bûtengewoan gastheechlearaar etyk oan de KU yn Leuven.


Tiisdei 8 jannewaris 2019 Ynlieder: Jan Greven

‘Oer âld wurden en it goede libben.’

Ald wurden is as in kuier yn ‘e bosk by hiele hurde wyn.

Drs. Jan Greven is skriuwer en teolooch.


Tiisdei 5 febrewaris 2019  Ynlieder: Cees Glashouwer

‘Tusken determinisme en frijheid’

Yn tsjerke en mienskip geane wy út fan de frijheid en de ferantwurdlikens fan de minske.

Mar hoe reëel is dat as minsken ûnderdiel binne fan in alles omfetsjende kausaliteit?

Drs. Cees Glashouwer is emearitus predikant yn Harns.


Tiisdei 5 maart 2019  Ynlieder: Rik Torfs

‘Gelok dat him net sykje lit’

Gelok is yn it foarste plak ôfwêzigens fan ûngelok.

Sykte en dea hawwe wy net sels yn de hân.

Kinne we dan hielendal neat dwaan?

Prof. Rik Torfs is heechlearaar oan de KU yn Leuven en tsjerkejurist.


Omtinkers


De wierheid dy’t freonen jo net fertelle, is it bêste wapen fan de fijân.


Hoe seldsum de wierheid ek is, it oanbod hat altyd grutter west as de fraach.


Sprek de wierheid, of immen oars docht it wol foar dy.


De wierheid makket frij, mar earst silst der swier it mier oan hawwe.


De wierheid is net te ûnderwizen, allinne te libjen.


Nije wierheden begjinne almeast as ketterijen en se einigje faak as byleauwe.


Yn it net witten fan guon dingen, leit in soad wysheid.


Wysheid kin allinne ferwurven wurde troch in learende geast: dy’t gjin fragen stelt, sil ek gjin antwurden fine.


Suksesfolle minsken stelle bettere fragen.

En dêrtroch krije se bettere antwurden


Feiten ûntrint men net troch se te ûntstriden.


It libben is prachtich. Men moat allinne wol de

moed ha om dat (eigen) libben te libjen.


Lear josels kennen, foar’t jo tinke, dat jo in oar kenne


As men de wierheid fertelt, hoecht men net folle te ûnthâlden


It finen fan lok leit yn it genietsjen, net yn it besitten


Libje hjoed, net moarn: moarn is it wer hjoed.


Tink oan juster, dream fan moarn . . .

mar libje hjoed.


Sûnder doel gjin doelpunt.


De wize oertinkt syn eigen fersinnen.

Net dy fan in oar.


Yntelliginsje krijt men mei, wiisheid moat men leare


Nimmen hat wat oan religy of filosofy as er der net earst sels mei wraksele hat.


Elkenien sei dat it net mooglik wie, oant der ien kaam, dy’t dat net wist.


Ast de wyn net feroarje kinst, feroarje dan de stân fan dyn seilen.


Wat mis gien is, kinst net mear feroarje. Wol rjochtfeardich ripperearje.


It wichtichste by kommunikaasje is hearre wat der net sein wurdt.


Alles wat men yn dit libben nedich hat, binne ûnwittendheid en selsfertrouwen.

Dan hast altyd súkses.        Mark Twain


Kânsen binne as bussen. Der stoppet altyd wol ien. Richard Branson


In soad kennis is net sasear wysheid, mar mear in goed ûnthâld.


It geheim fan in goeie preek is in goed begjin en in goed ein en dêr tusken yn moat men it sa koart mooglik hâlde.


Elke menút fan jo libben is wer ien menút foargoed foarby.


In gelokkich ein hinget fansels ôf fan wêr’t men it ferhaal beëiniget.


Elk ein is tagelyk in nij begjin.


Want G-d set minsken bûten de tiid en lit har priuwe fan de ivichheid.

Septimber 2017


De takomst fan leauwen en tsjerke


Doe’t ik yn ‘e sechstiger en santiger jierren opgroeide yn Drachten wie hast elkenien dy’t ik koe Griffermeard. Om ‘e pear jier waard der in nije tsjerke byboud en de tsjerken sieten moarns en middeis fol.

It is hast net foar te stellen hoe’t Fryslân en Europa yn inkelde tsientallen jierren feroare binne.

Ek yn Earnewâld is dat te fernimmen. De Herfoarme gemeente wie altyd mar lyts, mar de Griffermearde tsjerke siet yn ‘e tachtiger jierren faak noch fol.

Sûnt mids tachtiger jierren tsjerkje wy yn Earnewâld en de Herfoarme tsjerke is hast (letterlik) útstoarn.

Ek de Griffermearde tsjerke wurdt leger en leger en yn beide tsjerken nimt it tal besikers ûnder jongere minsken hieltyd mear ôf. Men sjocht it ek by de besikers fan de Earnewâldster Rûnte: aloan mear grize kopkes en lju dy’t min op ‘e gong binne.

Hoe is it mooglik dat de oerhearskjende Kristlike kultuer fan Europa yn inkelde tsientallen jierren sa ynelkoar stoarte koe? Hat de Kristlike beskaving dan neat oars west as in tin laachje fernis oer wat minsken feitlik tinke en leauwe?

Ik moat tajaan, dat ik sels ek it produkt fan dy feroarings bin. Sa’t Kuitert (dizze moanne krekt ferstoarn, mar yn ‘e begjintiid fan ‘e ER hat er faak lêzingen jûn) yn boek nei boek ôfskied nimme moast fan it leauwe fan de foarfaars, haw ik dat dien troch syn en meters oare boeken oer filosofy en teology te lêzen. Kursus Teologyske Foarming, Earnewâldster Rûnte; diskusjes mei oaren dy’t der ek sa oer tochten of krekt net.


Lês mear>>

Septimber 2018

Fan it bestjoer fan it FOW Earnewâld


Yn 2016 en 2017 binne 5 bestjoersleden fan it FOWE der om ferskate redenen mei ophâlden. Op dat stuit wienen der noch 2 bestjoersleden oer:

Tine van Minnen dy’t der al hast 20 jier yn sit en der mei ophâlde wol no’t se al in pear jier mei pinsjoen is en Jan van der Wal dy’t no sûnt ein 2016 meidraait. Dêrneist docht Jan Lautenbach noch aktyf mei as administrateur en webmaster.

Boppedat sit der ek gjin tsjerkeriedslid fan de lokale tsjerke mear yn it bestjoer. Dat moat eins al neffens it karbrief, want alle Frysk Oekumenysk Wurkferbannen wolle altyd gearwurkje mei de lokale tsjerklike gemeente(n).

It draaiend hâlden fan it wurkferbân mei twa bestjoersleden is net te dwaan, mar de syktocht nei nije, Frysksinnige bestjoersleden, dy’t har ynsette wolle foar de doelstellings fan it FOWE hat gjin súkses hân.

Fierder is benammen troch âlder wurden en ferstjerren fan de Frysksinnige tsjerkeleden yn arnewâld yn it bysûnder, mar ek yn de omkriten, de efterban fan it FOW en it tal besikers fan de tsjerketsjinsten bot tebekrûn. Dat hat ek de reden west om simmerdei gjin tsjinsten mear te organisearjen.


Op dit stuit is it sa, dat de tsjerketsjinsten foar 2018 en 2019 fierhinne regele binne.

Om’t de Earnewâldster Rûnte (ER) noch altyd goed draait (sawol organisatoarysk as kwa besikers) mar yn feite net it haaddoel is fan it wurkferbân (dat is it organisearjen fan Fryske tsjerketsjinsten yn Earnewâld) wol it bestjoer fan it FOWE yn oerlis mei de kommisje ER besjen hoe oft de aktiviteiten it bêste fuortset wurde kinne.

Wa wit, binne der wer entûsjaste minsken te finen, benammen ek yn it doarp Earnewâld sels, dy’t it wurk fuortsette wolle. Slagget dat net, dan sil it bestjoer har beriede moatte oer hoe’t it yn ‘e takomst fierder moat mei it FOW yn Earnewâld.

It bestjoer

Jan van der Wal en Tine van Minnen

Septimber 2018


Oer skepping en evolúsje


It skeppingsferhaal yn de Bibel is in yndrukwekkend ferhaal. Doelbewust skept G-d (*) mei syn skeppingswurden de wrâld sa’t wy dy kenne.

It is ek in bemoedigjend ferhaal, want de Bibel seit ús, dat dizze wrâld it risseltaat is fan in doelbewust wollen fan G-d. Yn in tiid dat de wittenskip ús leard hat dat wy libje op in lyts planeetsje, dat omswalket yn in hielal fan sa’n 28 miljard kilometer trochsneed (en wat is der dan noch foarby

de grinzen fan it hielal?) is dat in treastjaande gedachte.

Benammen ek om’t guon minsken hjoed-de-dei tinke, dat se sels, har libben, dit bestean op ierde doelleas is en totaal gjin sin hat.

En dat is ek skoan te begripen as men sjocht nei wat der yn de wrâld bart en de wittenskiplike teöry oer it ûntstean fan it libben op ierde — de evolúsje-teöry —  foar wier oannimt.

As it libben it gefolch is fan wat tafallich gebrobbel yn de oersop en dêrnei fan in seleksje op basis fan ‘the fittest’ (in yndividu dat troch de genetyske fariaasje it meast oanpast is oan tafallige en

feroarjende omstannichheden) jout dat net hiel folle fertrouwen foar de takomst.


Lês mear>>