Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Desimber 2010

As God net bestiet, kin Hja ek in frou wêze


It wie gjin reden om it oan ’e kant te lizzen, mar yn syn boek Geloven in een God die niet bestaat sette dûmny Klaas Hendrikse my op side 33 al bûten de doar.

Dêr nimt er ôfstân fan kollegateologen en -predikanten dy’t er sizzen heard hat:

'God bestaat in het ritueel, of voor de duur van het gebed, zonder dat Hij daarbuiten bestaat.’

Ik bin teolooch noch predikant, mar ek in liturgys dichter dy’t om it wurd ‘God’ net hinne kin en wol, lit wolris wat trochskine. En oars mei ik my as minske oansprutsen fiele, te mear omdat de útspraak fan jongs ôf myn stilswijend idee west hat. Foar Hendrikse bin ik in bûleblazer, immen dy’t op 'onnavolgbaar creatieve wijze om de hete brij heen [draait]'. Kreativiteit ha ik my altyd op útlein, en it soe my in eare wêze, foar rûntsjemeallen om dampende petielen hinne mocht ik lykwols net in grut talint ûntwikkelje.

It is in wat wûndere útspraak foar in man dy’t pretindearret dat er leauwigen de romte jaan wol, en tagelyk al yn it earste haadstik, 'met alle respect hoor', oaren de mjitte nimt en teplak set. Sa net, de toan fan it hiele boek is frijwat resolút en apodiktys, wat it behalve âlderwets grifformeard tige lêsber makket.

Dûmny Hendrikse hâldt in lange en deeglike preek, mar hy is net swier op ’e hân en ferfeelt gjin minút.


In moai en bemoedigjend begjin

Allinnich de leauwige dy’t syn preek op eigenmakke dogma’s bout en mei eigenmakke wierheid trochtimmert, sil himsels net samar tsjinsprekke. Gelokkich docht dûmny Hendrikse dat al, en miskien is dat de ferklearring dat syn boek oan ’e ein ta ‘iepen’ en spannend bliuwt.

En mocht fan tsjinstridichheden net oeral sprake wêze, dan sit de lêzer dochs hieltyd te wachtsjen op it momint dat de skriuwer trochpakke sil en konsekwinsjes oan syn opfettingen ferbynt.    

Ien fan syn kearnútspraken is: 'Ook de bijbel is een boek met verzonnen verhalen.' Dat is in moai en bemoedigjend begjin. Sûnder elke foarm fan historisiteit rigoereus oan kant te reagjen, hat Hendrikse each foar it bysûndere karakter fan 'Gods wurd' (wat er op himsels, en mei rjocht, in lege formulearring neamt).

It foarbyld dat er jout sprekt boekdielen: 'De Mozes van de bijbel bestaat alleen maar in de bijbel. Niet als historische, maar als mythologische figuur. Als ik me herken in het verhaal van zijn reis door de woestijn, dan bestaat Mozes, voor mij.

Of hij in werkelijkheid ooit heeft bestaan, doet er dan niet toe. Wat er is gebeurd, hoeft geen werkelijkheid te zijn. Wat er wordt verteld over wat er is gebeurd, is voor mij wel werkelijkheid.’


God bestiet salang as it duorret

It mei ús oangrize, mar helder en suver trochriddenearjend is der neat ysliks oan om yn foargeand sitaat de namme ‘Mozes’ te ferfangen troch de namme ‘God’.

De God fan de bibel bestiet allinnich mar yn ’e bibel. Net as histoarise, mar as mytologise figuer. As ik my herken yn it ferhaal fan syn meireizgjen troch de woestyn (nei hjoed fertaald: de woestenij fan de wrâld), dan bestiet God, foar my. Oft Er yn werklikheid bestiet, docht der dan net ta.

God is in tochte God, mar dêrmei gjin fertochte God. En dêrom stiet net alles ynienen op syn grûnfêsten te skodzjen en sakket de boaiem ús net ûnder de fuotten wei. God hat himsels bewiisd, en Hy bewiist him hieltyd wer: yn ’e bibel, yn it trochrinnend ferhaal, yn psalmwurd en gebed, yn liturgy en ritueel.

Allinnich, dêrbûten bestiet er net. Sa gau’t minsken ophâlde oer him te praten, him net langer oanroppe, smeekje, útsegenje of bejubelje, hâldt God op fan bestean.

'God wordt God als schepselen God zeggen,' seit Hendrikse de midsieuske mystikus Meister Eckhart achternei. Ja, en as de skepsels swije, swijt God – yn alle talen, oerlevere as er is yn en oan de taal fan minsken. God is wat minsken him yn 'e mûle lizze, wat leauwigen fan him sizze, oan him taskriuwe.

Dêr kinne grutte ûngelokken fan komme, mar as it goed beteart, sprekt er mei leafde, wiisheid en gesach.

En ek Hendrikse wit: 'God heeft nooit iets gezegd, maar wel degelijk gesproken.' Mar altyd sa lang as it duorret, foar de doer fan it gebed, ûnder it lêzen fan de wet, by de útlis fan de skriften, yn ’e meditative stilte, troch it sjongen fan in liet.


In kreaasje fan syn kreatueren

As God in kreaasje fan syn kreatueren is, binne syn kreative skepsels ek ferantwurdlik foar syn nammejouwing en geslacht. De bibel – by útstek it produkt fan manlju – is in maskulyn boek, skreaun yn in maskuline tiid en yn in maskuline kultuer.

Gjin wûnder dat God foarsteld wurdt as manlik en fan gefolgen oansprutsen mei ‘Heare’ en ‘Heit’.

Feministys teologe Coby Jacobs-Gravesteijn hat muoite mei dy iensidich manlike godsfoarstelling, sa docht bliken út har nijsgjirrige bydrage oan de Earn fan septimber 2010. Har beswier is út soarte legitym en alhiel begryplik. Oan ’e oare kant, it is mar in byld.

Hie de bibel oait it produkt west fan froulju, en hiene yn tiid en kultuer de feminine kanten dominant west en foar masteres opslein, dan wie God foarsteld wurden as froulik en fangefolgen oansprutsen mei ‘Frouwe’ en ‘Mem’.

Guon leauwigen sjogge it as in foarm fan blasfemy om oer God yn termen fan 'frou' en 'mem' te sprekken. Dochs is dat gjin grouwéliger godslaster as oer God sprekke yn termen fan 'man' en 'heit'.

Ien fan twaen: of it is allebeide blasfemy, of allebeide net.  


Lykas in bern treast fynt by de Mem

Coby Jacobs wiist ús op in prachtige passaazje yn it bibelboek Jesaja, ien fan de seldsume fynplakken yn ’e bibel mei in ûnfersniene ferwizing nei de froulike God. ‘Wês bliid mei Jeruzalem en jubelje it út om har, allegearre dy’t har leafhawwe; gean hielendal mei har op yn blydskip, jim allegearre dy’t fan har yn ’e rouwe wienen; dan kinne jim mar drinke, jim sêd drinke oan har treastjaande boarsten, en jim oerfloedich ferkwikke oan har rynsk memmeboarst. Want dit hat de Heare te sizzen: Sjoch, Ik lit de frede komme en as in rivier oer har hinne streame, en de rykdom fan ’e folken as in folle wetterstream. Har bern sille op ’e earm droegen en op ’e knibbel oanhelle wurde. Lykas in bern treast fynt by de mem, sa krije jim treast by My.’ (Jes 66:10-13a)  

Ek Jezus, as man fan Nazaret grutbrocht yn ’e Joadse tradysje, seach God as heit.

Ik wit net oft it de earste kear yn it Alde Testamint is, mar al yn ‘It liet fan Mozes’ wurdt God as heit oantsjut: ‘Sille jim sa de Heare ferjilde, jim, dwaas en ûnwiis folk? Is Hy dyn heit net, dy’t dy wûn hat, dy’t dy makke hat en yn wêzen roppen?’ (Deuteronomium 32:6) En gâns bibellêzers sille de wurden kenne fan Psalm 103:13: ‘Lykas in heit begrutsjen hat mei syn bern, hat de Heare begrutsjen mei dy’t Him tsjinje.’

Yn it fyfde haadstik fan it evangeelje nei Mattéus – ûnderdiel fan de berchrede – nimt Jezus sels foar it earst foar God it wurd ‘heit’ yn ’e mûle: ‘Sa moat jimme ljocht skine foar de minsken. Se moatte jimme goede dieden sjen en sa jimme Heit yn ’e himel ferhearlikje.’ (Mt 5:16)

Dêrnei stiet de berchrede fol mei soartgelikense ferwizingen, dêr’t it gebed dat Jezus syn learlingen meijout,

it Us Heit, út soarte de bekendste fan is.       


Hja

Wa’t net dalik fan syn geloof falt by it besef dat God in minsklike kreaasje is, komt tagelyk ta it ynsjoch dat God-de-Heit in útdrukkingsfoarm is, in wize fan sprekken om God tichterby te bringen. Mar yn dat gefal hat God-de-Mem deselde rjochten as útdrukkingsfoarm. It jout gjin better of minder, mar in oar en folsleiner byld fan God. As wie it om God ek noch fan in oare kant te sjen en benei te kommen.

'Minsken hawwe ferlet fan in goed, eigen Godsbyld,' skriuwt Coby Jacobs, en yn dy wurden trillet ûnderhûds de langst nei in God mei froulike skaaimerken.

Net mei Sy, mar mei Hja soe ik dy God oantsjutte wolle. ‘Hja’ is froulik, mar troch de licht argayse gefoelswearde, net yntym of familiêr. Wolle wy omgong hâlde mei God dan sil Hja én tichtby én op ôfstân bliuwe moatte. Boppedat is ‘Hja’ út ’e klank wei iepen en posityf.         

Achternei fernuvert it my dat it sa lang duorre hat, mar it momint koe net útbliuwe dat ik in Us Mem dichtsje soe. Nei it ‘God fan fier en hein ús Heit’ wie it tiid foar ‘Mem fan Leafde om ús hinne’. Net dat ik de iene God heger ha as de oare, of it earste gebed leaver as it twadde, mar ik sjoch wol yn dat it net twa deselde lieten binne. Al soe ik se beide sjonge kinne, troch beide treaste en bemoedige wurde. Beide ha ik, simpel kreatuer, en neffens it foarbyld fan Jezus' gebed, de wurden foar betocht. Mar al sjongend bin ik al hast de skepper net mear, as wienen de wurden út 'e loft weifallen en hienen se der altyd west. Krekt as rjochtsje ik my wier ta de God (m/f) dy't wíj dan wol ta libben rôpen, mar dy't no al suver bûten ús bestiet. Minsken kinne wat mei God.


Eppie Dam


Mem fan Leafde

om ús hinne


Mem fan Leafde om ús hinne,

skûlliif dat ús berne hat,

wês ús treast en hege minne

yn de dagen fan tekoart.


Jou ús hjoed de memmetate

fan de waarmte en de moed;

wês ús taal en lear ús praten

mei de mûle fol fan goed.


Wês ús foet en lear ús rinnen

oer de paden fan geduld;

as wy falle, net mear kinne,

straf ús net mei eigen skuld.


Wês ús hertslach en ús skerte,

ús krûpoan en myld gehoar;

wol ús fêst op fuotten sette,

dat wy ’t weagje bûtendoar.


Jou de romte oan ús wêzen,

bring ús dieden ta har rjocht,

oan jo antlit ôf te lêzen

wat fertrouwen mei ús docht.



Eppie Dam



Geke Bruining-Visser hat muzyk by dizze wurden makke, yn in fjouwerstimmige koarsetting.

Fan Jan de Jong sil in ienfâldiger meldij foar de gemeente ferskine.