grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Septimber 2011
Begjinne by it begjin
De skriuwer Chaim Potok seit op de earste side fan In the beginning:
‘Alle begjin is swier’. Hy hat gelyk. Wy binne minsken dy’t oanstriid hawwe om alles by it âlde te litten, omdat wy it net stean hawwe op it nije. Wy hingje oan âlde gewoanten en ek ús rituelen binne fakentiids deselde as dy fan ús foarfaars.
It is net ienfâldich om wat nijs te begjinnen, in oare fysy te ûntwikkeljen, in bibelpassaazje oars te lêzen as dat jin altiten meijûn is.
Sa is it ek mei it begjin fan de bibel. Genesis 1, it boek fan it begjin, fertelt oer it ûntstean fan alles wat bestiet. Oer it boek fan it begjin hawwe al in hiel soad útlizzers gear west en noch altiten boeit it. Yn it lêste nûmer fan de Earn stie in bydrage oer Genesis 1:1 mei in nije oersetting fan ‘himel’. It wurd sjamaim waard oerset mei ‘fjoerwetter’. It soe bydrage ta in better begryp fan it skeppingsferhaal. My liket dat ûnsin ta. Yn de bibel wurdt yn in tal fan teksten sprutsen oer ‘himel en ierde’. Dy beide wurden binne net te skieden. Dy hearre by elkoar, lykas ‘nacht en dei’, jûntiid en moarntiid’, ‘manlik en froulik’.
'Beresjit' -
Al langer as in hele ieu wurdt yn alderhande publikaasjes ornearre dat de earste beide haadstikken fan Genesis net as earste teksten opskreaun binne. Op grûn fan tekstanalyse is it hast wol wis dat Genesis 1 de komposysje hat fan in gedicht of in hymne (liet). Dat gedicht hat ek in namme, in koprigel ofwol in opskrift.
Dy is sa: ‘By it begjin fan it skieden fan himel en ierde’ of koartwei: ‘Yn it begjin’.
It giet hjir net om in begjin fan de tiid, om de âlderdom fan de ierde, om de oarsprong fan ús materiële werklikheid. Der wurdt ek net sein dat de ierde út safolle geologyske ierdlagen bestiet of dat ús libbenswrâld foarme is troch evolúsje.
It giet ‘yn it begjin’ om it begjin fan in hymne. It giet net oer de oerknal, dêr’t de ierde út ûntstien is. It giet om it begjin fan it begjin.
Om dit begjin hinne witte wy mei oanwinnende wissigens dat it gedicht fan Genesis 1 makke is troch in dichter, in pryster-
Sadwaande betocht er in liet fan sân dagen. In liet mei in refrein: ‘It waard jûn, it waard moarn, in dei.
Sân kear wurdt yn dit liet sein: ‘God seach dat it goed (tof) wie’. ‘Tige goed’, hjit it op de sechsde dei as de minske neffens it byld fan God skepen wurdt. ‘Manlik en froulik’ skoep er harren.
Skeppen is skieden. Dat hawwe minsken as O. Noordmans en Ellen te Wolde ús leard. Skeppen is soks as it út elkoar heljen fan wat ien grutte tizeboel is. Út elkoar: dat is wat mei skeppen bedoeld wurdt. In elk kriget yn alles in eigen plak.
Yn Genesis 1 ha wy te krijen mei in leauwensliet, in oade oan de God fan de minsken. It gedicht beslút yn Genesis 2:4a op de sânde dei mei de foltôging fan ‘himel en ierde’. Dy beide hearre fan it begjin oant de ein fan it liet ûnferbreklik byelkoar.
Op de sabbat komt der in ein oan it skeppen fan God. Hy rêst út fan syn wurken.
Allyksa mei de minske ek in dei ha dêr’t er ta rêst komt.
Sadwaande hjit it dat de minske net altiten mar trochgean moat mei it wurk, mar dat er fan ophâlden witte moat.
De pryster-
In nij liet hat er komponearre. ‘Yn it begjin’.
Alle begjin is swier as men fertroud is mei in letterlike werjefte. Mar in nije wize fan lêzen kin in nije fysy op it bibelske skeppingsliet mooglik meitsje.
Henk Buning
‘s Gravenzande
(earder dûmny by de Herfoarme gemeente Holwert, Waaksens-
Kenne jo josels?