Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Juny 2009

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater


'Het evolutionistische denken vernietigt de basis van de samenleving', sa skreau de eardere direkteur fan de EO, Bert Dorenbos. En hy heakke der oan ta dat dizze ferneatiging ek alles te krijen hie mei abortus, eutanasy en embrioseleksje: 'Het zwakke moet dood'.

In nuvere útspraak. It soe wêze kinne dat minsken dy ’t de evolúsjeteory serieus nimme in iepener hâlding hawwe foar saken as abortus of eutanasy oer. Mar om op grûn dêrfan te stellen dat dizze minsken dwaande binne om inkeld it swakke de nekke om te draaien, giet my te fier.

Charles Darwin (1809-1882) wie in Ingelske ûndersiker, biolooch en geolooch. Fansels, hy is bekend wurden mei syn teory dat de evolúsje fan alle libjende soarten (dus ek de minsk) dreaun wurdt troch natuerlike seleksje. Hjoed-de-dei is syn teory wittenskiplik algemien akseptearre. Grut wurden yn in religieus gesin, die er syn ûndersyk yn in maatskippij dêr ’t teology, leauwen en wittenskip inoar net tsjinsprutsen. It leauwen en de wittenskip koenen njonken inoar bestean.


Survival of the fittest as model foar de maatskippij?

Dat de minsk net langer as dé kroan op de skepping sjoen wurdt, liket foar ús ‘moderne’ minsken in grutter probleem as foar guon minsken yn Darwins’ tiid.

Darwin syn ideeën meitsje dat de minske net langer boppe de natoer stiet, mar hjir diel fan út makket.

De oermite fan de Ferljochting is dat de minsk him út it neat wei ta soeverein subjekt ferklearre hat. Dat wy ússels as minsken ferheven hawwe boppe de natoer, boppe de wierheid en boppe God sels, komt ús hjoed-de-dei djoer te stean. Wy hoege mar te tinken oan de oerflakkichheden dy’t ús oerspiele en ek de kredytkrisis is der, neffens my, in dúdlike eksponint fan. Wat dat oanbelanget, is Darwins idee sa raar noch net. De minsk soe net te heech fan de toer blaze moatte.


Fansels, kritisy sizze dat as wy yn grutte problemen komme sille as wy Darwins model tapasse op de maatskippij. De eardere direkteur fan de EO makket him dêr ek hiel drok oer: hy suggerearret dat Darwin syn teory liede sil ta in foarm fan libjen dy ’t bygelyks it Nazisme legitimearje kinne soe. Tajûn: oan de ein fan de 19-de ieu seagen oanhingers fan Darwin mooglikheden it idee fan ‘survival of the fittest’ ta te passen op in maatskippijfoarm. Neffens guon soe it idee dat allinnich de sterksten oerlibje soenen, de maatskippij ek better en sterker meitsje. As elts foar himsels fjochtsje soe, soenen de sterksten fansels oerbliuwe. Dat arbeiders in min bestean hienen en dat guon minsken gjin iten hienen, wie gjin punt: dat wie dochs de natuerlike gong fan saken? Dit idee hat it troch de skiednis hinne gelokkich net helle. Want, hoe ’t it der ek om ta giet yn de natoer, it is gjin noarm foar it maatskiplike libben en de ynrjochting fan de mienskip.


Nietzsche en de fragen fan goed en kwea

Doe ’t Darwin yn Ingelân warber wie mei it stellen fan de fragen oangeande de natoer, wie der in Dútske filosoof drok dwaande mei it stellen fan wichtige morele fragen oangeande de werklikheid om him hinne.

Berne yn 1844 en ferstoarn yn 1900 studearre Friedrich Nietzsche in skoftlang teology, mar stapte al gau oer nei de filosofy. Lykas Darwin wie ek hy fertroud mei in Godsbesef. Neffens Nietzsche hat de minsk God fermoarde. Neffens in soad minsken wie Nietzsche ateïst, mar dat falt noch te besjen. Hy giet út fan it feit dat de minske God net misbrûke moat foar it delbêdzjen fan syn eigen gewisse. Mei dy útspraak hat Nietzsche neat sein oer it al of net bestean fan God.


In selde soarte fan diskusje is hjoed-de-dei ek geande oer Darwin. Guon minsken sizze dat mei Darwin de moraal fuortslein is, om’t God net bestean soe. Minsken dy’t har dêr mei dwaande hâlde, reagearje út eangst wei. Der moat blykber perfoarst en tsjin elke priis in antwurd fûn wurde op de fraach oer in al of net bestean fan God. Nietzsche en Darwin soenen harren ôffreegje: wêrom?

Darwin publisearre yn 1871 syn boek 'The descent of Man', dêr't er de evolúsjeteory tapast op de minske.

Ek ús moreel besef stammet fan de apen ôf en der is gjin hegere fundearring foar moraal. Mar no komt de tinkflater: sels al stamme wy 100 kear fan de apen ôf, dan noch is it net sein dat mei de beskriuwing fan dat wat is, dat dan ek de heechste kwalifikaasje kriget.

Ik bedoel dit: as Darwin skriuwt oer de survival fan de fittest, it rjocht fan de sterkste as kondysje fan de minsk en de werklikheid, dan hat hy perfoarst net sein dat Hitler de heechste moraal yn pacht hie. It is in teory dy´t ferklearje wol, mar it jout gjin morele kwalifikaasje. Yn dy sin lit Darwin oerein wat de bibel ferkundiget; it besteansrjocht fan de swakste. Opfallend detail is, dat Darwin yn syn tiid it wurk fan de teolooch William Paley lies en fassinearre wie troch syn godsbewiis, dat syn grûn fûn yn it argumint fan de ‘intelliginte ûntwerper’ fan de natoer. De ideeën fan Paley ha in grutte ynfloed hân op it wurk fan Darwin. De diskusjes komme dus altyd werom, se bin fan alle tiden. ‘Ûnder de sinne is neat gjin nijs',  sa sei de Preker.


Misbrûk fan God

Wie Darwin drok mei de fraach nei it ûntstean en de ûntjouwing fan it libben, sa wie Nietzsche drok dwaande mei al dy minsken dy’t God misbrûke om harren eigen gewisse glêd te striken.  Etyk en moraal, de lear oer wat goed en net goed is, ferwurdt ta eat wat it net wêze mei: it is in utering fan de wil ta macht. Nietzsche hat syn bêst dien om dizze leagen te ûntmaskerjen. Nietzsche ferklearre God net dea om’t er leaude dat er net bestie. It ynteressearre him net. Hy ferklearre God ek net dea om de minsk ûngelokkich te meitsjen.

Hy ferklearre God dea om’t er de minsken wekker meitsje woe út in falske dream. Wy moatte de wrâld nimme sa ‘t er is, lykas ek Darwin foarstie. De les is dat wy ideeën en oertinkings fan minsken lykas Darwin en Nietzsche net meitsje moatte wat se net binne.

It konflikt tusken fûnemintalistyske leauwigen en fûnemintalistyske wittenskippers sil nea ferdwine as de leauwigen it Genesis ferhaal foar letterlike feite-skiednis oannimme en sa lang as wittenskippers mei feiten de fraach nei goed en kwea beäntwurdzje wolle. By kritysk hifkjen docht bliken dat beide útgongspunten gjin stân hâlde kinne.


De evolúsjeteory kin ús helpe om te begripen wêrom’t minsken binne wat se binne. Nietzsche hat besocht ús ynsjoch te jaan wêrom oft minsken dogge sa’t se dogge. Mar foar beide tinkers jildt: it antwurd op de fraach nei it goede libben, en wát de minsk dwaan moat om dát libben te libjen, ha beide tinkers net beäntwurdzje

kinnen. Dêrfoar moatte wy dochs wier earne oars ús ynspiraasje sykje.


Yvonne Hiemstra


Friedrich Nietzsche

Skepping of evolúsje


Se stiene lang al nêst elkoar,
de keale beam en minskemêst,
de iene frege oan de oar:
'Wa wie der earst en wa kaam lêst?'

't Wie oan de hichte net te sjen,
se rikten beide like heech,
dochs wie der in ferskil yn gen,
dat seach men op it earste each.

De beam beseach syn libbensrin
út God syn goede skepping wei,
der sprute út it oerbegjin
in beamsel op 'e tredde dei.

De wike wie in dei te koart
foar 't libben fan de minskemêst,
de skepping wie dus sa net bard,
in oar ferhaal waard syn hâldfêst.

Wat Darwin sei, befoel him wol,
in libbensrin sa sterk as stiel,
hy hold it grif sân ieuwen fol,
naam oan de evolúsje diel.

Foar beide hold de tiid gjin skoft,
de beam jûchheide as in mins,
de mêst bleau hingjen yn de loft,
sa fine sel en stiel har grins.


(it gedicht hjirboppe mocht Yvonne Hiemstra foar har oertinking brûke fan Willem Tsjerkstra. Tsjerkstra is ûnder oaren skriuwer fan romans, gedichten en berne-boeken. Tsjerkstra makket diel út fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân fan Itens en hat in eigen hiemside:


www.tsjerkstra.com