grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Juny 2010
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Yn de Earn fan maaie 2010 skriuwt dûmny Henk Buning út 's Gravenzande oer 'It ateïsme fan dûmny Hendrikse. Buning seit dat er sels yn de frijsinnige tradysje stiet, mar is it perfoarst net iens mei de opfettings fan dû. Hendrikse.
Ik stean ek yn de frijsinnige tradysje, mar ik kin my foar in grut part hiel bêst fine yn de ideeën fan Hendrikse.
Miskien is it foar de lêzers fan de Earn nijsgjirrich om ek dit oare frijsinnige lûd te fernimmen, om de follekleurigens te sjen dy't yn frijsinnige rûnten mooglik is en dy dêr ek mei klam wêze mei.
Oanfalle en ferdigenje
Ik bin bliid om te sjen, dat Buning it boek yn alle gefallen hielendal lêzen hat, foardat er der krityk op jout.
In soad oare kritiken komme net fierder as de titel fan it boek. Dochs lês ik it artikel oars as myn
's Gravenzandske kollega.
Yn it foar: ik hâld krekt fan dy boeken dy't de raffelrânen fan it leauwen opsykje. Boeken dy't skjirje en miskien somtiden sels in bytsje sear dogge. Want krekt dan wurd ik útdage om oer myn eigen leauwen nei te tinken. Dus lit it mar teologyske piipje en knarse, dan bart der alteast wat.
Ik haw ek de ynterviews sjoen, dêr't Klaas Hendrikse syn fisy nochal rjochtlinich en krampeftich ferdigene. En dat wie ek krekt wat der barde: hy ferdigene himsels. Yn de PKN wykgemeente Grote Kerk yn Emmen, dêr't ik tydlik foar in part oan it wurk bin, wie Klaas Hendrikse foarige hjerstmis te gast. Ik hie him fan te foaren witte litten, dat ik syn boek wurdearje, mar der wol inkelde fragen by haw, benammen hoe't hy syn fisy liturgysk oerset. Wat docht men mei gebed? Hoe kin men in seine útsprekke as God net bestiet?
Yn dy gearkomste seach ik in hiele oare Klaas Hendrikse. Hy wie folle ûntspander, iepen en ree om ynsjoch te jaan yn syn persoanlike spiritualiteit. Tsja, in dûmny is ek mar in minske. As jo him oanfalle, sil er him ek oanfallen fiele en himsels ferdigenje. Dêrmei krijst net de moaiste kant fan immen te sjen.
Teologysk neat nijs
Ik hoech Klaas Hendrikse hjir net te ferdigenjen. Ik wol jim al fertelle op hokker punt hy wat foar my betsjut. Dat Hendrikse teologysk neat nijs fertelt, bin ik daalk mei kollega Buning iens:
'Moderne leauwigen hawwe al folle earder as Hendrikse ûntdutsen, dat God net de Boumaster fan it Hielal is en al lang foar it ferstân dat God net de Almachtige is dy’t oan de toukes fan it wrâldbarren lûkt. Hendrikse rekkenet ôf mei in godsfoarstelling dêr’t tawijde leauwigen al lang ôfstân fan nommen ha'.
Mar ik haw ek hielendal net de yndruk dat Hendrikse de pretinsje hat, hjir wat nijs te fertellen. Hy ferwiist mannichkear nei oare skriuwers, dy't earder al fergelykbere dingen oer God skreaun hawwe. Sa't ik Hendrikse ferstean, set er him ôf tsjin in ontologysk godsbyld (ontologysk: eigenskipswurd fan ontology, d.w.s. de fraach oft dingen wier besteane en wat har wêzentlike natuer is) dat wol sizze in godsbyld, dat pretindearret te witten hoe't it sit mei God; hoe't God 'bestiet', wa of wat God yn wêzen is. Yn syn eigen wurden: "God kan
onmogelijk bestaan op de manier waarop een appeltaart bestaat'.
Dan giet it dus om in ferset tsjin in al te eksplisyt en konkreet sprekken oer God, as hienen we him juster noch sjoen en mei him praat. Fan sa'n soarte gods-
Dus noch altyd: neat nijs, heechstens no ris sa dúdlik formulearre, dat elkenien it begripe kin.
It Godsbyld yn de liturgy
Wat foar my persoanlik wol fan betsjutting wie yn it boek fan Hendrikse, wie de fraach, dêr't it neffens my allegearre om draait: as wy yndied ôfstân nommen hawwe fan in ontologysk godsbyld, wêrom dogge wy dan yn de tsjerke krekt oft God wòl sa konkreet bestiet en hannelet? As wy, lykas Buning terjochte stelt, al lang net mear leauwe dat God de Boumaster fan it Hielal is en as wy al lang ôfstân nommen hawwe fan it idee, dat God oan de toukes fan it wrâldbarren lûkt, wêrom sprekke wy yn de tsjerke dan noch altyd út, dat wy gearkomme yn de namme fan God, dy't himel en ierder makket hat? Wêrom bidde wy dan ta God mei fragen om ús te helpen, om frede op ierde te bringen ensfh.?
Dat wie foar my in eye-
Ik priuw by Klaas Hendrikse in oprjocht ferlet om te sykjen nei foarmen fan leauwen dy't passe by de moderne minske, mei al syn fragen en twivels.
Hendrikse set him ôf tsjin in God dy't sichtber en taastber bywêzich is en dy't konkreet yngrypt yn ús ierdske werklikheid. Yn stee dêrfan pleitet Hendrikse foar in godsopfetting, dy't folle mear romte lit foar it mystearje; God libbet yn minsken en bart tusken minsken. Lykas de Frânske filosoof Emanuel Levinas sei: 'Ik werken God yn it antlit fan de oar', of miskien ek wol sa't ik eartiids op de Protestantsk-
Nije wurden foar in âlde seinebea
Wy soenen ek sjen kinne nei wat Karl Barth oer God sein hat: (frij oerset) God is totaal oars as alles wat wy oer God tinke kinne. Ik fyn it ferfrissend dat Hendrikse dy ynsjoggen meinimt nei de liturgyske praktyk en ús konfrontearje doar mei de fraach, hoe't wy dy ynsjoggen ferbine mei wat we liturgysk sizze en sjonge.
Dêrom reagearje ik net út eangst wei of mei wjerstân op syn boek, mar krekt mei blidens om werkenning.
Ik bin der krekt frijmoediger troch wurden, om myn frijsinnige leauwen stal te jaan yn de liturgy. Konkreet resultearret dat bygelyks yn in seinebea as dizze:
Seingje en beskermje elkoarren.
Skink elkoar jim ljocht en wês genedich.
Stean iepen foar dy't jim moetsje,
skink elkoar frede
en God sil mei jim gean.
Amen.
(frij nei Numeri 6:24-
Dû. Albert Klok
remonstrantsk foargonger yn Meppel en Emmen
(oersetting Jan Lautenbach)