grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
Septimber 2018
Oer skepping en evolúsje
It skeppingsferhaal yn de Bibel is in yndrukwekkend ferhaal. Doelbewust skept G-
It is ek in bemoedigjend ferhaal, want de Bibel seit ús, dat dizze wrâld it risseltaat is fan in doelbewust wollen fan G-
de grinzen fan it hielal?) is dat in treastjaande gedachte.
Benammen ek om’t guon minsken hjoed-
En dat is ek skoan te begripen as men sjocht nei wat der yn de wrâld bart en de wittenskiplike teöry oer it ûntstean fan it libben op ierde — de evolúsje-
As it libben it gefolch is fan wat tafallich gebrobbel yn de oersop en dêrnei fan in seleksje op basis fan ‘the fittest’ (in yndividu dat troch de genetyske fariaasje it meast oanpast is oan tafallige en
feroarjende omstannichheden) jout dat net hiel folle fertrouwen foar de takomst.
Foar ús as minsken fan Kristlik komôf komme de moderne, eksinstinsjele fragen noch wol sa hurd oan as foar oaren. Hast hûndert generaasjes hawwe wy leaud dat de bibelske skeppingsferhalen letterlik wier wienen. En de lju dy’t dêr oan twifelen, pasten wol op om wat te sizzen, want as de Ynkwisysje jo net ferfolge, dan soarge de tsjerke der wol foar dat jo maatskiplik útsletten waarden.
De konfrontaasje
It hat ek laat ta in frjemde dualiteit yn de moderne kristlike minske: hoewol’t wy de feiten fan de
wittenskip kenne en de measten fan ús dy ek net ûntstride, sit yn ús efterholle noch altyd dat âlde Bibelferhaal.
As ik mysels as foarbyld nim, dan haw ik fan jongsôf oan tige ynteressearre west yn skiednis, argeology, geology, ierdrykskunde en biology. En noch altyd binne dat de ûnderwerpen, dy’t ik yn
de krante as earste lês. En dan haw ik it noch net oer de boeken dy’t ik der oer lêzen haw.
As it dus giet oer it ûntstean fan it libben op ierde en de ûntjouwing fan minskapen nei Homo sapiens haw ik dêr ek noait oan twivele. Benammen om’t iksels — basearre op wat men sjocht yn de wrâld om jin hinne en myn beheinde kennis fan biology — leau dat it oerlibjen fan ‘the fittest’ faak hast lyk stiet mei de sterkste en bretaalste.
Likegoed hawwe skepping en evolúsje yn my in reedlik fredich bestean hân, oant ik der mear oer begûn nei te tinken. Dat barde ûnder ynfloed fan in Kursus Teology foar Gemeenteleden, dy’t my
(en in soad oare kursisten) mei de noas op de feiten drukte en twong ta kritysk neitinken oer wat men no wier wol en net leaut.
Dy konfrontaasje tusken Leauwe en Bibel oan de iene kant en it wittenskiplik ûndersyk nei de Bibel oan de oare kant is einige mei in folsleine oerwinning fan de wittenskiplike benadering fan de Bibel. De Bibel is en bliuwt in weardefol boek, mar de ferhalen binne net mear letterlik wier.
In part fan de Bibel bestiet út ferhalen dy’t ivichheidswearde hawwe, mar oaren binne troch de tiid efterhelle. Tink allinne mar oan wat de Bibel oer froulju en homo’s seit.
Frjemde redenaasjes
‘Undersykje alle dingen en behâld it goede’, seit Paulus yn syn earste brief oan de Tessalonikers.
Wy kinne de holle yn it sân stekke, mar net in minske kin útnaaie foar de eksistinsjele libbensfragen.
‘Bestiet God?’ Is sa’n fraach en it antwurd is al faker jûn: dat kin net ien bewize, mar der is ek net ien gelearde dy’t bewize kin dat er net bestiet.
En dy’t it wol prebearje, sette harsels wat foar gek, want in wittenskipper hâldt him oan wat er bewize kin.
En itselde jildt neffens my foar de fraach ‘Wa en wat is G-
gelearden hawwe der gjin muoite mei hân om ús foar te skriuwen hoe en yn hokker G-
Armstrong lêzen en oan de ein fan dat boek hie ik safolle frjemde redenaasjes oer G-
en net ien kin sizze dat er wit hoe't G-
Wat oerbliuwt
Boppesteande prakkesaasjes binne hjirfoar koart beskreaun, mar it hat my en in soad oare minsken faak tsientallen jierren koste om de âlde Gods-
Oaren hâlde noch dwers troch alles hinne fêst oan it âlde ek al binne se faak ferlegen mei har eigen fragen, dy’t se faak net iens ûnder wurden bringe doare.
It meast sinnige wat se jin faaks noch foar de fuotten smite is ‘En wat leausto dan noch?’
En se ha gelyk. In soad fan it âlde is foarby gien en der binne gjin dúdlike antwurden foar yn it plak kommen.
In grut foardiel is wol, dat men net mear mei de fragen oanklaud sit, dy’t de âlde Godsbylden meibringe en dat men gewoan sizze kin ‘Ik wit it net’ en ‘Leauwen is moai, mar dwaan is in ding’.
Want rjocht dwaan is yn it âlde Joadske leauwen wol sa wichtich as teöretysk geprakkesear.
Dochs hat neitinken oer de evolúsjelear foar my wol ta hiele wichtige ynsjoggen laat. Want dy lear hat noch altyd gjin antwurd op de fraach hoe’t it libben en it tinken en bewustwêzen fan de minske (en foar my ek fan alle oare libbene wêzens) ûntstien is. Wêr komt it wei? En wêr giet it (nei de dea) hinne? Wat elektryske skokjes en ferbinings lykje my altyd in te simpel antwurd op it (ûntstean fan) it Wûnder fan it Libben. Ek al wit ik net wat it presys is, it ropt by my altyd wol in grut ûntsach
(foar G-
In twadde punt is, dat frijwol alle libbene wêzens op ierde op de ien of de oare manier sosjale wêzens binne. Se libje yn in mienskip mei oaren en hawwe dêrtroch op de iene of de oare manier
evolúsjonêr súksesfol west. Dat sosjale aspekt — soarch foar jongen, partners, de keppel — is hiel wat oars as ‘survival of the fittest’. Der binne wol evolusjonêre aspekten oan te wizen, mar oft dy de trochslach jûn hawwe, is mar de fraach. Der binne in hiele soad net-
It bliuwt in saak fan ‘Leauwe, Hope en Leafde’.
Jan Lautenbach
(*): As ik G-
JHWH ôfrekke.
FOWE -
karikatuer fan Charles Darwin