Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Rjocht dwaan

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2019 - 20

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Augustus 2019


Rjocht dwaan



It begripen fan oare minsken is somtiden net maklik en sa is it faak ek mei de bibel.

De oarspronklike betsjutting fan de ferhalen is bytiden kompleet ûndersnijd.

Se binne earst mûnling oerbrocht, letter opskreaun yn in taal dy’t gjin gebrûk makket fan klinkers; in taal dy’t

– lykas alle âlde talen – mar in beheinde wurdeskat hat fan in goed 6.700 wurden, sadat de measte wurden

faak mear betsjuttings hawwe kinne; se binne bewurke troch lettere generaasjes, oerskreaun troch

skriuwers, dy’t har wolris fersinden, sadat it NT mear as 250.000 ferskillen yn de tekst hat; oerset yn oare talen lykas Gryksk en Latyn en dêrút wei yn noch wer oare talen.

Yn it gefal fan de Evangeeljes binne de oarspronklike Hebrieuske of Arameeske boeken ferlern gien, sadat wy ús rêde moatte mei Grykske oersettings dy’t faak ûnbegryplik binne.


Joadsk taaleigen

Yn dit artikel wol ik it hawwe oer sa’n oerset-probleem út Eksodus 20, de tsien geboaden.

It giet my benammen om fers 5: “want Ik, de Heare dyn G-d, bin in oergeuntich G-d, dy’t de ûngerjochtichheid fan ‘e heiten op ‘e bern ferhellet, oan it tredde en fjirde geslacht ta fan harren dy’t my haatsje, mar dy't geunst bewiist oan it tûzenste geslacht fan dy’t My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde”.

Noch altyd wurdt dizze útspraak brûkt om te bewizen, dat G-d in god fan straf en wraak is.

Yn it foarste plak moat dan sein wurde, dat de betsjutting fan dit stikje benammen leit yn de tsjinstelling.

It is in soarte fan byldspraak om ekstra klam op wat te lizzen. Want G-d is dus minstens 250 kear sa genedich as dat er wraaknimmerich is.

Boppedat giet it hjir net om hús-tún-en-koken-sûnders, mar om minsken dy’t G-d haatsje. Om minsken dy’t yn en yn ferkeard binne en dêr’t gjin salve mear oan te striken is. Dizze útspraak wol ús benammen útlizze hoe goed en barmhertich G-d is.


Ferkearde oersetting

Foar in oar part binne de problemen ûntstien troch in ferkearde oersetting fan it Joadske tiidwurd “pakad”.

En jim begripe wol, dat ik my no hielendal ferlitte moat op de kennis fan Joadske taalkundigen.

Yn de Fryske oersetting wurdt bygelyks it wurd “ferheljen” brûkt en ik haw preken heard mei in wiidweidige útlis oer de Nederlânske oersetting “die de ongerechtigheid der vaderen bezoek aan de kinderen . . .”

By taalwittenskippers is al lang bekend, dat dit stikje striemin oerset is en sels yn modernere oersettings wurdt faak noch it wurd “bestraffen” brûkt. Yn de nije Nederlânske NBV stiet it wurd “boeten”. Blykber kin men gjin ôfstân nimme fan de straffende G-d, want it is al langer bekend dat it tiidwurd yn it foarste plak betsjut:

tige krekt besjen, neigean, ûndersykje.

Dat it tiidwurd pakad ek oare betsjuttings hawwe kin, docht bygelyks bliken út Genesis 21, fers 1:

De Heare tocht oan Sara.

Of út Jeremia 29, fers 10, dêr’t it oerset wurdt mei “omsjen nei”.

In goeie, tige frije, oersetting soe dus wêze kinne:

“want Ik, de Heare dyn G-d, ûndersykje de skuld fan de heiten by bern en bernsbern om te sjen of de sûnden fan yn en yn ferkearden trochwurkje yn har neiteam”

En pas dan, as dat dúdlik is, grypt G-d straffend yn. Iksels tink der wol ris by, dat bern al slim genôch straft binne mei sokke ferkearde âlden.

Om der ekstra klam op te lizzen dat de Joadske G-d net in G-d is fan kollektive ferjilding, sitearje ik noch in artikel út de wet: yn Deuteronomium 24 stiet yn fers 16:

“De heit mei net deade wurde om syn bern en de bern meie net deade wurde om de heit. Elk moat om syn eigen sûnde deade wurde.”

Sa’t jim sjogge, hawwe ferkearde oersettings, misbegripen oer de tiid en de kultuer ús mei in Godsbyld opskipe, dat net rjocht docht oan de Joadske ideeën oer G-d.


Mei ferstân

Boppesteand foarbyld, makket dúdlik, dat Bibel-útlis net mooglik is sûnder yngeande stúdzje.

En der binne gâns studinten, dy’t troch har stúdzje teology har leauwen ferlieze, wylst oaren fan skrik flechtsje yn in soarte fan radikale otterdoksy.

Ik kin my dat yntinke, mar foar mysels hat de twivel net G-d sels oantaast, mar allinne fraach-tekens set by hiele rigen ideeën fan minsken oer G-d. Yn guon gefallen haw ik foar mysels fikse skrassen sette moatten troch guon tradisjonele kristlike dogma’s.

Allinne sekten kenne de absolute wierheid. En guon fan dy sekten feroardielje oarstinkenden sûnder

neitinken ta de dea en de hel.

Persoanlik moat ik sizze, dat it neffens my net sa wichtich is wàt wy presys leauwe, mar dat it

neitinken oer sokke saken wol fan belang is. Ik bedoel te sizzen, dat it wichtich is om nei te tinken oer godstsjinst, oer it libben, de dea, de sin fan it libben, mar dat it úteinlik allinne mar in helpmiddel is.


Want jo kinne noch sa religieus of spiritueel wêze, mar by moaie tinzen kin it net bliuwe. De Ingelsken sizze: “the proof of the pudding is in the eating”.

Frij oerset: it bewiis fan de pudding is pas levere as er smakket.

It bewiis fan de religieuze minske leit foar my yn syn hanneljen en yn syn dieden. Dêr giet it om.

Om it mei de profeet Micha (haadstik 6) te sizzen: “Der is dy klear te witten dien, minske, wat goed is en

wat de Heare fan dy wol: rjocht dwaan, de trou heech hâlde en mei ferstân dyn wei gean mei dyn G-d!”


Yn guon rjochtingen fan it Kristendom seit men, dat wy allinne behâlden wurde kinne as wy leauwe yn Jezus

en de teory fan de fersoening.

Iksels leau mear yn wat Joadske skriftgelearden betocht hawwe. Se seinen: stel, dat der in minske is, dy’t net yn G-d leaut, mar dy't wol de wil fan G-d docht. Hy is om it koart gear te fetsjen in tzaddik, in rjochtfeardige.

Se komme ta de konklúzje dat sa’n minske behâlden wurde sil.

Mei oare wurden: it giet net om de lear, mar om ús hanneljen en ús dieden. As wy dogge wat Micha seit, dan

sil G-d geunst bewize oan it tûzenste geslacht fan dy't Him leafhawwe en syn geboaden ûnderhâlde.


Foar ús dy’t grutbrocht binne mei Bibel en tsjerke, docht it faak sear as wy sjogge, dat tsjerken slute en

jongfolk neat mear wit fan de Bibel. Ek de Joadske skriftgelearden wisten net hoe’t in minske dy’t net yn G-d leaude, wol de wil fan G-d dwaan koe.

Mar se wisten wol, dat it foar G-d en minsken net draait om it wurd, mar om de died.


Jan Lautenbach

FOWE  -  De Earn