grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maart 2010
Slauerhoff en Jorwert (2)
Yn Earn nûmer 46 haw ik in earste ympresje jûn fan it libben en it wurk fan Jan Jacob Slauerhoff.
Ik neamde doe syn ynderlike ûnrêst, syn ynderlike ferskuordens. As er op see wie, hie er langst nei in feilich thús, in rêstich bestean yn in fertroud fermidden.
Mar as er wer te lang thús west hie, dan beneare it him dêr en krige wer langst nei see en nei fiere fierten. En sa wie er immen dy’t op gjin inkeld plak op ierde rêst fine koe en bytiden it gefoel hie dat er dat by eintsjebeslút allinne mar fine koe yn syn literêre wurk.
Yn ‘Woninglooze’, ien fan syn meast bekende gedichten, sprekt er dat gefoel út.
WONINGLOOZE
Alleen in mijn gedichten kan ik wonen,
Nooit vond ik ergens ander onderdak;
Voor de eigen haard gevoelde ik nooit een zwak,
Een tent werd door den stormwind meegenomen.
Alleen in mijn gedichten kan ik wonen.
Zoolang ik weet dat ik in wildernis,
In steppen, stad en woud dat onderkomen
Kan vinden, deert mijn geen bekommernis.
Het zal lang duren, maar de tijd zal komen
Dat vóór den nacht mij de oude kracht ontbreekt
En tevergeefs om zachte woorden smeekt,
Waarmee ‘k weleer kon bouwen, en de aarde
Mij bergen moet en ik mij neerbuig naar de
Plek waar mijn graf in ’t donker openbreekt.
Oan de ein fan dit gedicht sprekt er it bange gefoel út dat der in tiid komme sil dat er de krêft net mear hat om de wurden foar syn gedichten te finen. De wurden, dy’t foar Slauerhoff ommers it boumateriaal binne foar syn iennichste ‘wenplak’ op ierde. Hy fielt dat der dan noch mar ien plak foar him oerbliuwt: it grêf.
Datselde benearjende gevoel dat by eintsjebeslút allinne de dea him de rêst jaan kin dy’t er siket, komme wy ek tsjin yn it gedicht ‘Het einde’.
HET EINDE
Vroeger, toen ‘k woonde diep in ’t land,
Vrat mij onstilbaar wee;
Zoals een gier de lever, want ik wist: geen streek geeft mij bestand,
En ‘k zocht het ver op zee.
Maar nu ik ver gevaren heb
En lag op d’oceaan alleen,
Waar zelfs da Cunha en Sint-
Niet boren door de kimmen heen,
Voel ik et trekken als een eb
Naar ’t vaste, bruine, land…
Nu weet ik: nergens vind ik vree,
Op aarde niet en niet op zee,
Pas aan die laatste smalle ree
Van hout in zand.
Gefoelens fan ynderlike ferskuordens, wanhoop en pine sprekke ek út it gedicht 'À la Rosetti'.
It is oangripend om te sjen hoe’t er wrakselet mei himsels -
Hy hat sels it gefoel dat der wolris in flok oer him lizze kin.
Á LA ROSSETTI
Steeds ben ik met de vijand in mijzelf
In bangen worstelstrijd op leve’ en dood.
Hij wint vaak veld met Afschuw van mijzelf,
Met ziekten en verraad tot bondgenoot.
Totdat mijn Zelfbewustzijn: trotsch gewelf,
Over mij instort; den genadestoot
Verbeid ik lang, woel mij dan langzaam bloot
En kom met tegenzin weer tot mijzelf.
Opnieuw dan strijd: voor immer onbeslist.
Soms tracht, ontwijkend, ik weer één te worden,
Vraag zelfs een vrouw of zij mij steunen wil,
Hoewel ik altijd innig-
Dat ik verdoemd ben, al mijn kracht verspil,
Chaos behoor en nimmer raak tot Orde.
Dyselde gefoelens fan ynderlike ferskuordens en ferfrjemding sprekt er ek út yn 'In mijn leven'.
Mar yn dit gedicht oerhearsket net de negativiteit en de wanhoop. Geandewei beskriuwt er mominten dat er dêr trochhinne lutsen wurdt en yn de djipten fan syn siel dochs mominten fynt fan ynderlike stilte en dêrmei gefoelens belibbet fan de rêst en de frede dêr't er sa nei longeret. Ik soe de prachtige dichtrigels dêr't er dit djippe ynderlike belibjen yn ûnder wurden bringt, sels in mystyk momint neame wolle yn it wurk fan Slauerhoff.
IN MIJN LEVEN
In mijn leven, steeds uiteengerukt
Door de vlagen waar ik aan blootsta,
Daar ‘k niet kan hechten aan liefde en geluk
Die mij zullen drijven tot ik doodga,
Ontstaan soms plotsling enkle plekken
Van een stilte zoo onaangedaan,
Dat ik geloof in slaap te zijn gekomen
Bij de diepten waar geen onderstroomen
Meer door ’t eeuwig stilstaand water gaan.
De oare kear sil ik besykje om wat te skriuwen oer de relaasje dy’t Slauerhoff hie mei de dûmnysfemylje Hille Ris Lambers yn Jorwert. En dan fansels benammen mei de âldste dûmnysdochter Heleen.
Rienk Klooster