grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Septimber 2017
De takomst fan leauwen en tsjerke
Doe’t ik yn ‘e sechstiger en santiger jierren opgroeide yn Drachten wie hast elkenien dy’t ik koe Griffermeard. Om ‘e pear jier waard der in nije tsjerke byboud en de tsjerken sieten moarns en middeis fol.
It is hast net foar te stellen hoe’t Fryslân en Europa yn inkelde tsientallen jierren feroare binne.
Ek yn Earnewâld is dat te fernimmen. De Herfoarme gemeente wie altyd mar lyts, mar de Griffermearde tsjerke siet yn ‘e tachtiger jierren faak noch fol.
Sûnt mids tachtiger jierren tsjerkje wy yn Earnewâld en de Herfoarme tsjerke is hast (letterlik) útstoarn.
Ek de Griffermearde tsjerke wurdt leger en leger en yn beide tsjerken nimt it tal besikers ûnder jongere minsken hieltyd mear ôf. Men sjocht it ek by de besikers fan de Earnewâldster Rûnte: aloan mear grize kopkes en lju dy’t min op ‘e gong binne.
Hoe is it mooglik dat de oerhearskjende Kristlike kultuer fan Europa yn inkelde tsientallen jierren sa ynelkoar stoarte koe? Hat de Kristlike beskaving dan neat oars west as in tin laachje fernis oer wat minsken feitlik tinke en leauwe?
Ik moat tajaan, dat ik sels ek it produkt fan dy feroarings bin. Sa’t Kuitert (dizze moanne krekt ferstoarn, mar yn ‘e begjintiid fan ‘e ER hat er faak lêzingen yn Earnewâld jûn) yn boek nei boek ôfskied nimme moast fan it leauwe fan de foarfaars, haw ik dat dien troch syn en meters oare boeken oer filosofy en teology te lêzen. Kursus Teologyske Foarming, Earnewâldster Rûnte; diskusjes mei oaren dy’t der ek sa oer tochten of krekt net.
Yndustrialisaasje, mobiliteit, ûnderwiis
Mar de ûnderlizzende oarsaken fan dy feroarings yn it leauwen wienen al langer oan de gong en dat
wienen benammen de yndustrialisaasje en de tanommen mobiliteit fan de maatskippij. Op syk nei wurk en in reedlik bestean ferlieten minsken hûs en hiem. Hiel letterlik, want eartiids kamen in soad minsken amper har eigen doarp, gemeente en provinsje út. Yn Fryslân byg. hat de fyts makke dat de wrâld foar de gewoane man tsientallen kilo-
kontrôle fan de tsjerke, it doarp en de eigen besletten mienskip.
In oar gefolch fan yndustrialisaasje en foarútgong wie better ûnderwiis. Foar it earst krigen grutte groepen yn de maatskippij lykas de arbeiders tagong ta fuortset ûnderwiis en dêrtroch ta de ideeën fan wittenskip en Ferljochting. Yndustry en maatskippij hienen ferlet fan minsken dy’t wat leard hienen. Sa kamen se yn ‘e kunde mei nije en oare tinkbylden en ideeën, dy’t faak hiel oars wienen as wat se yn tsjerke en op de kristlike
skoalle leard hienen.
Dat hie al rillegau gefolgen foar it leauwen fan grutte groepen minsken en it leargesach fan de tsjerke.
We leauwe noch wol wat, mar we witte net krékt mear wat. Yn alle gefallen twifelje we tige oan wat de tsjerke ús as absolute wierheid ferkundiget. En mear noch as de twifel oer it godlike hawwe de minsken twifels oer de (tsjerklike) ynstituten en ynstellings, dy’t sizze dat sy de ferkundigers fan de iennichst wiere G-
En it is krekt dy twifel dêr’t de kristlike tsjerke net goed mei omgean kin. Dat is hiel goed te ferklearjen, want yn de begjintiid wienen der safolle ferskillende streamingen yn it Kristendom, dat it derom spand hat, hoe’t it leauwe útpakke soe. Pas nei in lange striid hat yn Westeuropa de otterdokse Roomske tsjerke de striid winne kinnen. En dat benammen om’t de oare rjochtings sa ferdield wienen, dat se net op koenen tsjin de
sterke organisaasje fan de otterdoksy.
Fragen oer G-
As gefolch dêrfan hâlde de measte tsjerken noch altyd fêst oan belidenisgeskriften fan 1.500 jier âld en is elkenien dy’t dêr oan twifelet net in ‘echte’ Kristen en sa’n ien komt dus net yn ‘e himel.
It is net in grutte keunst om hiel koart in rige foarbylden te neamen fan de problemen, dêr’t de moderne minske tsjin oan rint op syk nei G-
Yn it foarste plak is dat, dat de tsjerke seit dat G-
Lykas de measte Joaden haw ik der allang foar keazen om te leauwen, dat de Almacht fan G-
In oar grut probleem fan it Kristendom is it sintrale plak fan Jezus. Neffens de offisjele lear binne de
sûnden fan de minske sa grut, dat se allinne fersoend wurde kinne troch de dea fan Jezus, de Joadske profeet, dy’t in kristlike (soan fan) G-
westerske minske oer steane.
De takomst fan religy
Op basis fan ús kennis fan de skiednis fan de ôfrûne pear hûndert jier soe men dêrom foarsizze kinne, dat it Kristendom, mar ek alle oare, fêstige religy’s it dreech krije sille yn alle westerske en har fierder modernisearjende lannen. Goed ûnderwiis en frijheid fan mieningsutering sille earste betingsten foar sa’n ûntjouwing wêze. Dochs sille der altyd lytse groepkes otterdokse leauwigen fan alle godstsjinsten oerbliuwe, mar hja sille net mear as râneferskynsels wêze yn in oars en frijer tinkende mienskip.
Tagelyk sille der ek lannen wêze, dy’t benefter bliuwe en dêr’t de tradisjonele religy’s noch wol in pear hûndert jier mei kinne of sels noch hiel bot groeie kinne. Te tinken is oan Afrika, Súdamearika, it Midden Easten en parten fan Aazje.
Tagelyk witte wy dat Homo sapiens al tsientûzenen jierren lang foarme is troch religieuze fielings en dat it ferlet oan religieuze tsjutting grut is.
Om’t de besteande, ynstitúsjonalisearre religy’s de feroarings yn it religieuze ferlet net byhâlde kinne, is it wierskynlik, dat it religieuze lânskip de kommende tiid fersplinterje sil. Allegearre groepkes en rjochtings
-
is net te foarsizzen. Sels 20 ieuwen letter is noch amper te ferklearjen wêrom’t it Kristendom destiids sa’n grut súkses wurden is yn it Romeinske ryk. Al binne in soad histoarisy it der faak wol oer iens dat it idee fan in libben nei de dea, doe -
Likegoed moat wol sein wurde dat it hawwen fan ien religy in grutte mienskipsfoarmjende en stabilisearjende ynfloed hân hat yn it Westen. Dat de wrâld hjoed-
Miskien wie ien algemiene, kristlike tsjerke sa raar noch net?
Jan Lautenbach
Lês ek:
Yuval Noah Harari -
De ideeën fan de âlde Griken oer har god Zeus, hawwe ek grutte ynfloed hân op it byld, dat kristenen fan G-