Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Rjocht dwaan

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2019 - 20

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2


Foar it bûsboekje:



Jannewaris 2022


It lêste nijs fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld


Hoewol’t de Koroana pandemy de hiele wrâld op de kop set hat, is de sitewaasje fan it FOWE sa’t dy hjir ûnder yn it artikel fan augustus 2019 beskreaun is, noch net ferbettere.

Earder minder wurden, kin men sizze, want tsjerken en tsjerketsjinsten hawwe swier te lijen fan dizze besmetlike sykte en de lockdowns.

Ek ús - ferselsstannige - Earnewâldster Rûnte leit fierhinne stil.


Al hoopje wy op better tiden, ynearsten beskôgje wy it FOWE as in sliepende Stifting.

As der wer entûsjaste minsken/tsjerkegongers komme, dy’t de saak fierder drage wolle, kin it Wurkferbân mei it Eigen Fermogen - ein 2021 noch hast € 13.000 sa wer oan de slach.


Mar eins besjogge wy ússels op dit stuit as in Stiftling yn likwidaasje.

Dat betsjut dat de kêsten 15 en 16 fan ús Karbrief tan tapassing binne, dy;’t oer ûntbining en likwidaasje geane. Yn kêst 16.3 stiet: ‘Nei’t alle skulden betelle binne, ferfalt in mooglik posityf likwidaasjesaldo oan ien of mear fan de oare Fryske Oekumenyske Wurkferbannen en/of tsjerklike organisaasje yn it doarp Earnewâld en/of ien of mear troch it bestjoer oan te wizen soartgelikense organisaasjes of ynstânsjes.’


Yn de geast fan dat kêst hat it bestjoer fan it FOWE oer 2020 en 2021 € 1.750 útkeard oan ûnder oaren de Fryske Wurkferbannen op oare plakken.

Yn de begrutting 2022 is € 1.000 opnommen foar sokke útkearings/stipe.


It besjoer hannelet dus noch altyd yn de geast fan ús oarspronklike doel: it befoarderjen en hâlden fan Fryske tsjerketsjinsten, sawol yn Earnewâld as op oare plakken.


It bestjoer fan it FOW Earnewâld

Tine van Minnen en Jan van der Wal



Omtinkers


De wierheid dy’t freonen jo net fertelle, is it bêste wapen fan de fijân.


Hoe seldsum de wierheid ek is, it oanbod hat altyd grutter west as de fraach.


Sprek de wierheid, of immen oars docht it wol foar dy.


De wierheid makket frij, mar earst silst der swier it mier oan hawwe.


De wierheid is net te ûnderwizen, allinne te libjen.


Nije wierheden begjinne almeast as ketterijen en se einigje faak as byleauwe.


Yn it net witten fan guon dingen, leit in soad wiisheid.


Wiisheid kin allinne ferwurven wurde troch in learende geast: dy’t gjin fragen stelt, sil ek gjin antwurden fine.


Suksesfolle minsken stelle bettere fragen.

En dêrtroch krije se bettere antwurden


Feiten ûntrint men net troch se te ûntstriden.


It libben is prachtich. Men moat allinne wol de

moed ha om dat (eigen) libben te libjen.


Lear josels kennen, foar’t jo tinke, dat jo in oar kenne


As men de wierheid fertelt, hoecht men net folle te ûnthâlden


It finen fan lok leit yn it genietsjen, net yn it besitten


Libje hjoed, net moarn: moarn is it wer hjoed.


Tink oan juster, dream fan moarn . . .

mar libje hjoed.


Sûnder doel gjin doelpunt.


De wize oertinkt syn eigen fersinnen.

Net dy fan in oar.


Yntelliginsje krijt men mei, wiisheid moat men leare


Nimmen hat wat oan religy of filosofy as er der net earst sels mei wraksele hat.


Elkenien sei dat it net mooglik wie, oant der ien kaam, dy’t dat net wist.


Ast de wyn net feroarje kinst, feroarje dan de stân fan dyn seilen.


Wat mis gien is, kinst net mear feroarje. Wol rjochtfeardich ripperearje.


It wichtichste by kommunikaasje is hearre wat der net sein wurdt.


Alles wat men yn dit libben nedich hat, binne ûnwittendheid en selsfertrouwen.

Dan hast altyd súkses.        Mark Twain


Kânsen binne as bussen. Der stoppet altyd wol ien. Richard Branson


In soad kennis is net sasear wiisheid, mar mear in goed ûnthâld.


It geheim fan in goeie preek is in goed begjin en in goed ein en dêr tusken yn moat men it sa koart mooglik hâlde.


Elke menút fan jo libben is wer ien menút foargoed foarby.


In gelokkich ein hinget fansels ôf fan wêr’t men it ferhaal beëiniget.


Elk ein is tagelyk in nij begjin.


Want G-d set minsken bûten de tiid en lit har priuwe fan de ivichheid.

Augustus 2019


Earnewâldster Rûnte wurdt selsstannich en giet troch


Om’t de Earnewâldster Rûnte (ER) noch altyd goed draait (sawol organisatoarysk as kwa besikers) mar yn feite net it haaddoel fan it wurkferbân is (dat is it organisearjen fan Fryske tsjerketsjinsten yn Earnewâld)

hat it bestjoer fan it FOWE yn oerlis mei de kommisje ER besjoen hoe oft de aktiviteiten it bêste fuortset wurde kinne.

It FOWE wol dat sels net dwaan, om’t dat wer bestjoerlike en finansjele oanspraaklikens meibringt.

Der is dêrom besletten in aparte Stifting Earnewâldster Rûnte/Rotonde op te rjochtsjen, dy’t as doel hat it organisearjen fan de lêzingen yn Earnewâld.

De Stifting krijt in startkaptaal fan € 6.000 mei fan it FOWE, sadat se yn alle gefallen jierren foarút kinne.

De lêzingen foar it winterskoft 2019-2020 sille al foar rekken fan de nije Stifting komme.

It bestjoer fan it FOWE winsket de nije Stifting in soad súkses mei it fuortsetten fan de lêzings.


Tine van Minnen en Jan van der Wal


Foar alle rinnende ynformaasje oer de lêzingen fan de Earnewâldster Rûnte ferwize wy tenei nei har eigen hiemside: www.er-rontonde.nl



Augustus 2019

FOW Earnewâld hâldt op


Yn 2016 en 2017 binne 5 bestjoersleden fan it FOWE der om ferskate redenen mei ophâlden. Op dat stuit wienen der noch 2 bestjoersleden oer: Tine van Minnen dy’t der al 20 jier yn sit en der mei ophâlde wol no’t se al in pear jier mei pinsjoen is en Jan van der Wal dy’t no sûnt ein 2016 meidraait. Dêrneist docht Jan Lautenbach noch aktyf mei as administrateur en webmaster.

Boppedat sit der ek gjin tsjerkeriedslid fan de lokale tsjerke mear yn it bestjoer. Dat moat eins al neffens it karbrief, want alle Frysk Oekumenysk Wurk-ferbannen wolle altyd gearwurkje mei lokale tsjerklike gemeente(n). Lykwols hat de PKN Earnewâld it nei de fúzje drok mei har eigen saken en ek dêr rint it net oer fan de frijwilligers.

It draaiend hâlden fan it wurkferbân mei twa bestjoersleden is net te dwaan, mar de syktocht nei nije, Frysksinnige tsjerkeminsken, dy’t har ynsette wolle foar de doelstellings fan it FOWE hat gjin súkses hân.

Fierder is benammen troch âlder wurden en ferstjerren fan de (Frysksinnige) tsjerkeleden yn Earnewâld yn it bysûnder, mar ek yn de omkriten, de efterban fan it FOW en it tal besikers fan de tsjerketsjinsten bot tebekrûn. Dat hat ek de reden west om simmerdei gjin tsjinsten mear te organisearjen.

It bestjoer hat no besletten om nei 2019 op te hâlden mei de tsjerketsjinsten. Wy sille de Stifting FOWE

noch net daalk opheffe (wa wit, binne der oer in pear jier wòl entûsjaste minsken te finen dy’t it wurk

fuortsette wolle).

Ynearsten wurdt it FOWE dus in ‘sliepende’ Stifting, dy’t oars net docht, as it behear fan it eigen fermogen. Dat behear sil yn it teken stean fan it doel fan de Stifting: it befoarderjen fan it hâlden fan Frysktalige tsjerketsjinsten, bygelyks troch it stypjen fan de oare Wurkferbannen. Dêrneist bliuwe fansels alle aktiviteiten mooglik dêr’t mar man/froukrêft foar te finen is.

It is spitich dat it sa einiget, mar de kommende jierren sille noch wol mear tsjerken slute (moatte).

It is hjir net it plak om te analysearjen wat de problemen fan de hjoeddeiske lear en praktyk fan de tsjerke binne. Wy sjogge werom op in Wurkferbân, dat goed 20 jier (sûnt 4 oktober 1998) meidraaid hat yn de mienskip fan Earnewâld en omkriten. Wy hawwe tige moaie tsjinsten hân: oertinkings dy’t jin wat seinen, goeie koaren, moaie muzyk en in noflike mienskip.        

Wy tinke bygelyks ek oan de searje preken fan dûmny Klooster oer it ús Heit en de belidenis.

It súkses fan de lêzingen fan de Earnewâldster Rûnte - in idee fan foarsitter Doeke Faber - kaam ús suver oer it mad, mar die ús as bestjoer tige goed. En der sille ek minsken wêze, dy’t de Earn aanst misse sille. Hoe faak krigen we net in komplemintsje fan in lêzer foar ien of oare preek of oertinking.

Wy tinke fansels ek oan de moed en fleur fan eardere bestjoersleden: Doeke Faber is al neamd, mar ek Hieke Bruinsma, Koos Landheer en in soad oaren (ek fan bûten it doarp), dy’t wy hjir net allegearre neame kinne.

Wat goed wie, sil goed bliuwe en wy tinke der mei waarme fielings oan werom.

Wy hoopje jimme fan ‘t hjerst noch in pear kear te sjen yn de lêste tsjinsten en oars mooglik op de lêzingen fan de ER.


It bestjoer fan it FOW Earnewâld

Tine van Minnen en Jan van der Wal

Augustus 2019


Rjocht dwaan


It begripen fan oare minsken is somtiden net maklik en sa is it faak ek mei de bibel.

De oarspronklike betsjutting fan de ferhalen is bytiden kompleet ûndersnijd.

Se binne earst mûnling oerbrocht, letter opskreaun yn in taal dy’t gjin gebrûk makket fan klinkers; in taal dy’t

– lykas alle âlde talen – mar in beheinde wurdeskat hat fan in goed 6.700 wurden, sadat de measte wurden

faak mear betsjuttings hawwe kinne; se binne bewurke troch lettere generaasjes, oerskreaun troch

skriuwers, dy’t har wolris fersinden, sadat it NT mear as 250.000 ferskillen yn de tekst hat; oerset yn oare talen lykas Gryksk en Latyn en dêrút wei yn noch wer oare talen.

Yn it gefal fan de Evangeeljes binne de oarspronklike Hebrieuske of Arameeske boeken ferlern gien, sadat wy ús rêde moatte mei Grykske oersettings dy’t faak ûnbegryplik binne.


Joadsk taaleigen

Yn dit artikel wol ik it hawwe oer sa’n oerset-probleem út Eksodus 20, de tsien geboaden.

It giet my benammen om fers 5: “want Ik, de Heare dyn G-d, bin in oergeunstich G-d, dy’t de ûngerjochtichheid fan ‘e heiten op ‘e bern ferhellet, oan it tredde en fjirde geslacht ta fan harren dy’t my haatsje, mar dy't geunst bewiist oan it tûzenste geslacht fan dy’t My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde”. Noch altyd wurdt dizze útspraak brûkt om te bewizen, dat G-d in god fan straf en wraak is.

Yn it foarste plak moat dan sein wurde, dat de betsjutting fan dit stikje benammen leit yn de tsjinstelling.

It is in soarte fan byldspraak om ekstra klam op wat te lizzen. Want G-d is dus minstens 250 kear sa genedich as dat er wraaknimmerich is.

Boppedat giet it hjir net om hús-tún-en-koken-sûnders, mar om minsken dy’t G-d haatsje. Om minsken dy’t yn en yn ferkeard binne en dêr’t gjin salve mear oan te striken is. Dizze útspraak wol ús benammen útlizze hoe goed en barmhertich G-d is.


Ferkearde oersetting

Foar in oar part binne de problemen ûntstien troch in ferkearde oersetting fan it Joadske tiidwurd “pakad”.

En jim begripe wol, dat ik my no hielendal ferlitte moat op de kennis fan Joadske taalkundigen.

Yn de Fryske oersetting wurdt bygelyks it wurd “ferheljen” brûkt en ik haw preken heard mei in wiidweidige útlis oer de Nederlânske oersetting “die de ongerechtigheid der vaderen bezoek aan de kinderen . . .”

By taalwittenskippers is al lang bekend, dat dit stikje striemin oerset is en sels yn modernere oersettings wurdt faak noch it wurd “bestraffen” brûkt. Yn de nije Nederlânske NBV stiet it wurd “boeten”. Blykber kin men gjin ôfstân nimme fan de straffende G-d, want it is al langer bekend dat it tiidwurd yn it foarste plak betsjut:

tige krekt besjen, neigean, ûndersykje.

Dat it tiidwurd pakad ek oare betsjuttings hawwe kin, docht bygelyks bliken út Genesis 21, fers 1:

De Heare tocht oan Sara.

Of út Jeremia 29, fers 10, dêr’t it oerset wurdt mei “omsjen nei”.

In goeie, tige frije, oersetting soe dus wêze kinne:

“want Ik, de Heare dyn G-d, ûndersykje de skuld fan de heiten by bern en bernsbern om te sjen oft de sûnden fan yn en yn ferkearden trochwurkje yn har neiteam”


Lês mear>>