grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Septimber 2010
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Yn in bûtengewoane gearkomst op 16 augustus hat de tsjerkeried fan de herfoarme gemeente offisjeel in berop (33,33 % fan folsleine wurktiid) op my útbrocht.In opmerklik barren, sawol foar de gemeente as foar mysels. De lêste kear dat in Earnewâldster tsjerkeried selsstannich sa’n berop útbrocht hat, wie yn 1908.
Doe gong it om G.J.A. Offerhaus út Groot-
Mei de dûmny’s en oare foargongers dêrnei gong it wat oars. Guon wienen tagelyk ek ferbûn yn in oare gemeente dêr’t Earnewâld mei kombinearre wie, oaren wienen bystân yn it pastoraat of helppreker.
Neat mis mei fansels, mar net lykas Offerhaus en syn trije foargongers (B. Bolleman van der Veen, D.L.E. Blankstein en J. Folpmers) offisjeel beroppen allinne troch de Earnewâldster tsjerkeried.
En sa hat ien fan de alderlytste gemeenten yn Fryslân de man beroppen dy’t al sûnt 19 juny 1983 as bystân yn it pastoraat by harren yn tsjinst wie.
De kombinaasje mei Westerwert
Opmerklik is it fansels ek foar mysels. In jier ferlyn hie ik net tinke kinnen dat myn karriêre yn de tsjerke sa’n ferrin krije soe. Foar guon lêzers dy’t dat net witte, is it tink ik goed om it ien en oar út te lizzen oer de dingen dy’t har de lêste tiid ôfspile hawwe.
Sûnt 19 juny 1983 wie ik offisjeel as dûmny ferbûn oan de herfoarme/protestantske gemeente Westerwert (Jorwert, Weidum, Bears en Jellum). Dizze gemeente foarme in ‘pseudo-
regeling komt mei Westerwert. Op myn fersyk is der by dy frijstelling fuortendaliks in útsûndering makke foar it wurk yn Earnewâld.
Befêstiging op snein 3 oktober 2010
Omdat herfoarme Earnewâld ek graach mei my fierder woe, is der in tsjerkoarderlike regeling troffen dy’t it mooglik makket, dat ik foar 1/3 fan myn wurktiid yn dy gemeente beroppen wurde kin. En dat is dan no bard. It doel is dat ik yn de tsjinst op 3 oktober o.s. offisjeel as dûmny by de herfoarme gemeente befêstige wurde sil. Myn kollega drs. Yvonne Hiemstra, ferbûn oan de Feriene Kristlike Gemeente yn Dokkum en foarsitter fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân by ús yn Earnewâld, sil my befêstigje.
Nei dizze offisjele befêstiging, dêr't ik myn ja-
It wurk yn Earnewâld giet troch
Ien fan de dingen dy’t by dy beroppingsproseduere ek dien wurde moast, wie it opstellen fan in wurkplan.
Wy ha yn de tsjerkeried ôfpraat dat it tal tsjinsten dêr’t ik yn foargean sil, lykas foarhinne bliuwe sil op achttjin yn it jier. En ek dat ik lykas foarhinne foar de iepenbiere kant op de Master Franke skoalle de godstsjinstlessen fersoargje sil. Om’t ik wat mear wurktiid krige haw (fan 25 % nei 33 1/3 %) sil ik ek dy minsken ris opsykje dy’t dan wol net yn it doarp wenje, mar hjir wol geregeld yn tsjerke komme of har op in oare wize mei ús gemeente ferbûn fiele.
Fansels sil ik, lykas foarhinne, ek beskikber wêze foar it FOWE, foar de Earnewâldster Rûnte en foar de redaksje fan it tydskrift de Earn. Datselde jildt foar de gearwurking mei de grifformearde tsjerke.
Ik hoopje dat wy sa meielkoar yn in goeie harmonije gearwurkje sille ta opbou fan it geastlik libben yn Earnewâld en dat wy in goeie tiid yn de mjitte gean meie.
Rienk Klooster