grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Desimber 2009
Longerjend lânskip
Yvonne Hiemstra oer de dichter C.O. Jellema, boer en dichter
Wie wij zijn wordt zichtbaar in het gedachte
beeld dat de zon beschijnt. Een boerderij-
profiel. Nanachtvorst heeft de schapewei
gewit. Geboortevlies besluit de grachten
te dun om wat er in het water overnachten
wou: de wil om weer te worden als zij
die ons voorgingen. Zo voorbarig vrij
zijn wij hier besloten in het hier verwachte:
kijken beherbergt ons, wij zijn het beeld.
Eindelijk samenvallen met de vroege
morgen. Bevroren dauw. Een taal die zwijgt.
Geborgen in een bomenrij, geneigd
tot luisteren naar wind. En die ons droegen:
portretten aan de wand. Gelijst. Vergeeld.
Boppesteand gedicht fan C.O. Jellema is nei myn betinken ien fan de juwieltsjes dy’t de Hollânske poëzije ryk is. Njonken it weemoedige taalgebrûk, mei syn langstme nei ferfleine dagen, giet dit wurk fan Jellema oer in pynlik, mar ek wêzentlik tema: dat fan de dea.
Ut in laach fan boeren en dûmnys
Cornelius Onno Jellema waard berne op 9 septimber 1936 yn Grins. Hy ferstoar op 19 maart 2003 yn syn wenplak Leens. Syn libben wie ferweve mei it Grinzer plattelân. Jellema hat op skerpsinnige wize, sa't dy
him eigen wie, de gefolgen foar it plattelân fan de sekularisaasje en de ûnttsjerkliking observearre.
En it gie him oan it hert.
Dat er hjir moederaasje mei hie is net sa ferwûnderlik. Hy wie de âldste fan trije soannen, berne út in houlik tusken ds Otto Samuel Jellema en Eetje Aaffiena Barlagen. De húshâlding stie bekend as tolerant yn tinken en stie iepen foar kulturele ûntjouwing. Yn dit fermidden wie er as bern fan in dûmny fertroud rekke mei taal en literatuer.
It geslacht Jellema wurdt tekene troch Fryske en Grinzer boeren en dûmny’s. En dy twa poalen, dy’t utersten liken te wêzen, hat Jellema yn syn wurk hiel ticht byinoar brocht. De boer yn him wist fan it wrotten yn de grûn. De dûmny yn him besocht de bisten, it lânskip -
gruttere ferbannen fan it bestean. Jellema, kommend út sawol in laach fan boeren as fan predikanten, wist dat wy, lykas psalm 103 sjongt: as gers en blommen hinne gean . . .
Thús op it ‘Hoge Laand’
As predikantesoan is er hikke en tein yn plakken as Beilen en Amersfoart, mar ek it Fryske Sint Anne hat syn thús west. As soan fan in dûmny spruts it eins fansels: ek dizze telch út 'e famylje soe de kânsel opgean. Dochs fielde Jellema tidens syn stúdzje teology yn Amsterdam gjin ropping it saneamde ‘bliid boadskip’ te ferkundigjen. Mar benammen fielde er him net thús yn de tsjerklike struktueren. Té dogmatysk, ferstikkend en smoarend. Nee, teinei wienen it de deade Dútske tinkers en dichters mei wa’t er yn petear wêze soe: Rilke, Hölderin en Meister Eckhart, fan wa’t er wurken oerset hat. Sa studearre Jellema ôf yn de Dútske taal-
De boer en de dûmny yn him lieten him lykwols net los. As syn alter ego’s waarden hja it meast yntegrearre yn syn dichtkeunst. Yn de measte fan syn gedichten jout Jellema blyk fan rintmasterskip. It liket as joech it lânskip Jellema in mystike tagong ta eat dat de sinlik waarnimbere wrâld te boppe giet. Dat Jellema mei ynmoed oer it lânskip prate, wurdt dúdlik as er it Grinzer lânskip, mar ek syn eigen tún by syn wente yn Leens, dat in soarte fan lytshôf fan Eden wie, de 'moeder van mijn gedachten' neamt.
Jellema wie op syn wize dwaande mei it hoedzjen en noedzjen fan it lânskip dêr’t er wenne. 'Als kind liep ik daar in de velden, waarin van alles groeide, zwanenbloemen nog groeiden, planten die er tegenwoordig nauwelijks nog zijn'. Jellema joech oan dat it wichtich wie foar de minsk each te hawwen foar de grûn dêr’t wy op steane en dy’t ús draacht. De beammen, de loften, de iepen romte mei har pleatsen, de tsjerketuorren dy’t ta himelshichten rikke, binne stille tsjûgen fan ferfleine tiden. It longerjend lânskip as libben keunstwurk.
Doe‘t God it plattelân ferliet
As it waar it taliet, wie Jellema alle dagen oan it wurk yn syn tún. Hy hat wol it ferwyt krigen dat er nea fierder seach as de hage dy’t om syn eigen tún stie. Mar neat is minder wier. Besibbe oan de Grinzer grûn as er wie, makke er him grutte soargen oer hoe't der mei it plattelân omsprongen waard. De boer dy't op djippe genetyske lagen ta him spruts, makke him drok om de bisten dy't út it lânskip ferdwûnen, de sleatten dy’t tichtsmiten waarden, de ruilferkaveling, de skaal-
Hy gie wer oan it wurk, mei syn pinne, mei syn túnklauwer. Dat lei him better. En sa betsjinne er him fan syn eigen ark en in taal dy't tagong jout ta in oare werklikheid.
It twapetear tusken de boer en de dûmny yn him, kaam ek ta utering yn hoe’t Jellema it proses fan sekularisaasje belibbe hat. Doe’t God it plattelân ferliet, stienen de tsjerken der ferlitten by, as karkassen tsjûgen fan wat 'm dêr ea ôfspile hie. Neffens de dichter hat de tsjerke, njonken de taak godshûs te wêzen, ek de opdracht it lânskip te beskermjen. Hjoed-
hanneljen is it nije kredo. ‘Het respect dat men vroeger had voor de eigen omgeving is verdwenen en dat heeft ook te maken met het verdwijnen van het godsbesef. Dat houdt het respect levend, en het besef dat we meer rentmeesters zijn dan uitbuiters. Een kerk geeft nog uitdrukking aan het vroegere gevoel . . .’
(ynterview NRC 23-
Grof geweld fan plannemakkers
Jellema moast net in soad hawwe fan de wize fan omgean mei de dingen, sa as dat hjoed-
De nôtkerrel, as begjin en ein fan it libben, eat dat fergean moat om wer op te kommen . . . neffens Jellema hat de hjoeddeistige minsk der gjin weet mear fan. Sa sille der ek yn Fryslân grutte yndustriële projekten út
de grûn ferrize. Projekten lykas de Sintrale As, dêr’t it rendemint neffens ûndersikers slim diskutabel fan is, mar dêr’t we bestjoerders net oer hearre, de Heak om Ljouwert, de ôffalûne by Harns. It is mar de fraach hoe’t dit grof geweld him ferhâldt ta wat it op ynhâld opsmyt.
Jellema wrotte yn de grûn en socht yn syn gedichten de befêstiging fan wat er fermoede: it respekt, de moederaasje foar dat wat west hat en de tradysjes dy’t ús de takomst yn drage moatte. Hy naam de wrâld om him hinne waar en seach dat dy wearden troch hjoeddeistige bestjoerders en plannemakkers oan har fallisemint holpen waarden. Mar yn syn dichtsjen kamen se wer ta libben, waarden se manifest en joech er se ivichheidswearde.
Prachtige fiergesichten
Mar Jellema wist dat de einichheid fan dit ierdske libben nea werklik oerwûn wurde koe. En dat is de eksistinsjele pine fan de minske. Wy kinne no ien kear net werom nei it hôf fan Eden. Faaks dat Jellema dêrom yn syn eigen tún dwaande wie in ôfspegeling fan dat Eden te meitsjen. Wy moatte erkenne dat wy alles dêr’t wy fan hâlde op in dei ferlieze sille. In minske is bûn oan plak, tiid en romte en oan it eigen lichem dat einich is. Lykwols, weet hawwen fan de dea, is wat oars as him oanfurdigje.dea freget om ferset.
De dea trune Jellema oan ta dichtsjen en ta klauwen yn de hurde, toarstige grûn. Jellema wie besibbe mei dy grûn, mei syn foarâlden, mei de tradysjes fan syn jeugd. Lykas it iepeningsgedicht oanjout: in ferbining mei in pleats, it lânskip.
Nei myn betinken binne de wurken fan Jellema fan in net te oerskatten wearde. It binne skatten yn de ikker. Dy't de muoite nimt syn wurken te lêzen, wurdt beleanne mei prachtige fiergesichten.
Cornelis Jellema hat as gjin oar begrepen dat it de minsk te’n diel falt de dingen om him hinne te (be)neamen. It skeppende wurd is fan heechste wearde om it bestean foarm te jaan. Mar in minske is net gelyk oan god:
de minske sprekt taal dy't altyd foarriedich en dêrmei per definysje foarbarich is. Brekber, wif, mar benammen tear. Dat binne de antwurden op de fraach nei wa't wy te'n djipsten binne: langstme, leafde, ôfskie en dea.
Aber die Lüfte, aber die Räume! (Rilke)
Op 23 maart 2003 waard Jellema begroeven op in selskeazen plak: de wierde fan Saaksum.
Swarte hynders brochten him nei syn lêste rêstplak.
De seizoenen lûke oan syn grêf foarby . . .aber die Lüfte, aber die Räume . . .
Jellema rêst yn it Hoge Laand, it longerjende lân fan syn foarfaars, it laach fan boeren en dûmny’s.
Op syn grêfstien stean wurden fan syn hân: En wij zijn hier om het te noemen tot wij niet meer zijn . . .
Wij zullen noemen wat wij zien, elkaar
de tover tonen van een morgenlicht
over het veld, de voren die gericht
zijn op een eindeloze einder waar
belijning overgaat in tint, vloeibaar
ons overtuigt – zoals in een gedicht
golvend in ’t bedrog van vergezicht
de smelting van twee beelden tot een paar –
dat uit ruimte die weerkaatst een brein
de vorm beschaduwt die zich, groeiend, schier
in oplossing voltrekt, onder vernis
van wat wij denken dat tastbaar is
ons beeld van heugenis, en wij zijn hier
om het te noemen tot wij er niet meer zijn.
Drs. Yvonne Hiemstra
Jellema, C.O., Oefeningen bij een Beek, 2002
Jellema, C.O., Verzameld werk, gedichten en essays, 2005
Dit stik stiet yn in langere fersy yn de Moanne, oktober 2009, nûmer 8
Utsjoch oer de tún fan Jellema
nei it Hoge Laand
foto © Abe de Vries
De bibleteek fan Jellema
yn Leens (Lains)
foto © Abe de Vries