Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Desimber 2009


Net te froed en net te tsjoed

Of: elke dei hat genôch oan myn/syn eigen soargen, kwea en goed


Nei in jier fan lêzingen en preken oer ‘de macht en de realiteit fan it kwea’ fûn ik it tiid om ris nei te tinken oer it kwea (it tsjoede) yn syn ferhâlding ta it goede (it froede). Want net ien fan de sprekkers en/of prekers is dêr bot op yngien en dochs moat de fraach nei ‘wat is goed?’ diel útmeitsjen fan sa’n diskusje.

Ik haw earst ris sjoen nei wat de filosofy oer dit ûnderwerp seit. Dan docht daalk al bliken dat it net sa maklik is, om’t ien fan de wichtichste konklúzjes (Kant, Schopenhauer ensfh.) is, dat it absolút goede of kweade net fêst te stellen is, om’t it in subjektyf (persoanlik) oardiel is. Elkenien tinkt der oars oer, om’t elkenien útgiet fan syn eigen belang (almeast boppe dat fan oaren) en syn libbenshâlding – en oertsjûging, dy’t beynfloede wurde troch opfieding, religy ensfh. Boppedat wurdt der troch de westerske wittenskip, dy’t útgiet fan it ‘kausale’ tinken (oarsaak en gefolch) tefolle klam lein op de tsjinstelling tusken goed en kwea.

Yn de praktyk docht faak bliken, dat de fraach nei goed en kwea werom te bringen is ta de fraach fan it belang fan de iene minske foar dat fan de oare oer. It is kwea as jo mei jo hanneljen oare minsken skea tabringe. Jezus fettet de Joadske wet dêrom tige krekt gear yn ien libbensregel (Lukas 16, fers 31): ‘Lykas jimme wolle, dat de minsken jim behannelje, sa moatte jimme mei harren dwaan.’

Hiel faak wurdt no ta einbeslút sein, dat alles wat de belangen fan oaren skea docht, ferkeard is en dat goed is, wat de oar syn belangen befoarderet. Dizze definysje is fansels te koart om de hoeke, om’t der gjin ôfwaging fan belangen is. It is dêrom better om te sizzen: dieden binne kwea as de som fan de taname fan it eigen belang en de ôfname fan de belangen foar de oaren negatyf is.


Alles is sûnde

De fraach nei goed en kwea spilet des te mear, om’t wy allegearre bern binne fan in mienskip, dy’t hast 2.000 jier libbe hat ûnder it jok fan de ‘sûnde’. Yn de rin fan dy tiid hat de tsjerke fan alles en noch wat ta sûnde ferklearre en ús allegearre in skuldgefoel fan komsa oanpraat (“ontvangen en geboren in zonde”).

Gelokkich komme wy dêr sa stadichoan wat fan by, mar in soad minsken – benammen dy út de swierdere tsjerklike fermiddens - rinne noch om mei dy (oanprate) skuldgefoelens en mûzenissen. Gâns minsken geane troch it libben mei ûnbewust it gefoel fan 'ik bin net goed' of 'net goed genôch'.

Ien fan de gefolgen fan dy skuldgefoelens oer fan alles en noch wat is, dat minsken miene dat se harsels en de wrâld rêde moatte troch it dwaan fan goede dieden. Allinne dêrtroch kinne wy it wer goedmeitsje tusken ús en God. En sels dat slagget net, want neffens de offisjele fersoeningslear fan de tsjerke kin allinne Jezus dat. Om’t de neifolging fan grutte foarbylden as Jezus net te dwaan is, fiele wy ús wer skuldich oer ús lytse sûnden fan al den dei, want dy meitsje it lijen fan Jezus noch grutter as it al wie en oars praat de offisjele tsjerkelear ús dat wol oan.

Troch dy – al of net terjochte – skuldgefoelens binne der neffens my gâns minsken dy’t it sa smoardrok hawwe mei goeddwaan om har ‘sabeare’ ferkearde dieden wer goed te meitsjen, dat se der oan te’n ûnder geane.

Lykas eartiids minsken al har jild fermakken oan de tsjerke om mar yn de himel te kommen, binne der hjoed-de-dei minsken dwaande mei goeie dieden, om’t se (ûnbewust) miene dat se wer wat ‘goedmeitsje’ moatte. Bygelyks yn de soarch komt men sokke minsken somtiden tsjin.

It komt ek foar, dat men sjocht dat oaren misbrûk meitsje fan sokke lju, troch har skuldgefoelens oan te praten. En fansels: ik krij ek wolris in skuldgefoel oer myn eigen sûnens en wolfeart, fergelike mei in soad oare minsken.


Goed wolle, mar it pakt ferkeard út

Elkenien wit wol, dat goed en kwea yn de praktyk fan it deistich libben faak min te ûnderskieden binne.

De iene neamt goed wat ferkeard is en de oare beweart dat it krekt oarsom is. En goeie beammen bringe net altyd goede fruchten fuort, want wa minske is it noait oerkommen, dat er mei de bêste bedoelings wat die en dat it kompleet misbetearde?

Ik haw yn de polityk wol foar of tsjin dingen stimd, dêr’t ik efterôf fan sizze moat: “As ik dat witten hie!” (NB: dat ‘witten’ wie ornaris it probleem, om’t de opposysje faak ynformaasje ûnthâlden wurdt, dy’t nedich is foar in goeie beslútfoarming).

Ik haw ek wol ris dwaande west rûzjes del te bêdzjen, dat ik it krekt ferkeard oanpakte en it allinne mar slimmer waard.

Om in oar foarbyld te neamen: der binne op dit stuit skriuwers en politisy yn Afrika, dy’t sizze, dat de ûntwikkelingshelp, dy’t wy jierrenlang jûn hawwe, fierhinne ferkeard útpakt is. De sittende diktators ha der wapens fan kocht om har tsjinstanners út te moardzjen; om der filla’s fan te keapjen; om freonen te beleanjen ensfh. Mar de ûntjouwing fan sokke lannen is der allinne mar troch behindere.


Helpe wolle en net kinne

In oar foarbyld fan help dy’t ferkeard útpakke kin, is bygelyks it omgean mei ferslaafden. Wa fan ús ken gjin dramatyske ferhalen – somtiden fan hiel tichtby – oer heiten en memmen dy’t kapot geane oan it helpen fan har eigen ferslaafde bern. Altyd wer steane de âlden klear om te helpen, mei jild, mei iten, mei ûnderdak of hoe dan ek. En hieltyd wer komt it ferslaafde bern syn tasizzings net nei, bestelt syn eigen heit en mem ensfh. Hiel faak komt it safier, dat helpferlieners tsjin sokke âlden sizze moatte, dat se de bern út ‘e hûs sette moatte, om’t har eigen sûnens en wolwêzen yn gefaar komt. En dat de iennichste manier om har bern te rêden is, dat hy of sy hielendal op himsels werom smiten wurdt, en dan sels it beslút nimt om fan de drank of de drugs ôf te bliuwen (of ûnder te gean, dat komt ek foar).


Kwea dwaan mei goede bedoelings

Ien fan de meast dúdlike foarbylden út de resinte skiednis hjirfan is fansels it Kommunisme. Mei de

alderbêste bedoelings soe in systeem opset wurde, dat elkenien in bestean garandearje moast en úteinlik liede soe ta in heilsmaatskippij. Wy witte allegear hoe’t it yn de praktyk útpakt is: massamoard, earmoed, hongersneed, diktatuer, ûnderdrukking en úteinlik de folsleine ynstoarting fan it systeem.

De fraach oft sosjalisme it folle better docht, weagje ik te betwiveljen (mar dy miening is wer bot kleure troch myn ûnderfining mei sosjalisten, dy’t alles oplosse woene troch de belesting te ferheegjen en sa ekstra jild frij te meitsjen foar saneamde goeie doelen).

In foarbyld fan sa’n goed doel ticht by hûs wie bygelyks de Bystânswet. Mids sechstiger jierren is dy ynfierd mei de bedoeling, dat alle minsken yn Nederlân in minimumynkommen garandearre wurde soe. Al gau wie it dúdlik, dat de ABW (en foar in part ek de WW en de WAO) foar guon minsken in frijbrief wie om thús te sitten en net te wurkjen (of swart te wurkjen foar ekstra ynkomsten).

Sa is der yn Nederlân in hiele generaasje bystânstrekkers ûntstien, dy’t noait wurke hat, amper meidien hat yn de maatskippij en dy’t nei 20-30-40 jier yn de bystân ek noait mear meidwaan kin yn de maatskippij.

Goeie bedoelings, mar de gefolgen wiene dat (faak) net. Pas yn 2004 is in nije ABW ynfierd mei de bedoeling om minsken net allinne oan in minimum ynkommen te helpen, mar ek wer oan it wurk te setten.


Realistysk wêze en goed tinke en goed dwaan
As ik boppesteande prakkesaasjes oer de realiteit fan goed en kwea ris oersjoch, is it mooglik dat guon minsken de moed wat ferlieze. Hoe kinne wy noch nei it goede stribje en it kwea bestride as wy amper ûnderskied meitsjen kinne en faak gjin ynsjoch hawwe yn ús eigen djipste motiven wêrom oft wy goed of ferkeard hannelje?

Dochs tink ik, dat der – mei de hjirfoar neamde oertinkings yn de efterholle - wol wat hoedene konklúzjes te lûken binne (en ik tink dat in soad minsken dêr yn de deistige praktyk ek al nei hannelje):


- Yn it foarste plak kinne wy stelle, dat ús (wrâld-)mienskip lang net ideaal is en dat it kwea somtiden hiel maklik de oerhân krijt, yn de minske sels likegoed as yn de wrâld yn it grut. As minsken yn alles frijlitten wurde – om kwea te dwaan of om har eigenbelang nei te stribjen - sille in soad fan ús meiminsken, bisten

en it miljeu it belije moatte. Wetten en regels, beheining fan de yndividuele frijheid en somtiden sels geweld (fan oerheidswege) sille faak (noch) nedich wêze om it wolwêzen fan de swakkeren en de mienskip feilich te stellen;


- It ferbetterjen fan de wrâld is in hiele put en op koarte termyn amper te realisearjen. It is ferstanniger om te begjinnen mei it ferbetterjen fan jinsels * (in Bûddhist soe sizze: earst komt de eigen ferljochting!).

Mei help fan filosofy en religy kin men neitinke oer it omgean mei goed en kwea en mear ynsjoch krije yn de eigen motiven om dingen al of net te dwaan en op de ûngemakken en tebeksetters dy't wy al dwaande meimeitsje. Dat makket ek, dat men yn de konfrontaasje mei it kwea weromfalle kin op eigen inerlike wearden en noarmen;


- Behein it goeddwaan earst mar ta de lytse saken en ta it eigen fermidden: jins famylje, wurk en doarp.

In soad minsken ha har dêr al oan fertild, dus it is swier genôch;


- Ik/jo/wy binne net ferantwurdlik foar alle ûnheil en it bestriden fan it kwea yn de wrâld. Wy moatte leare om dat los te litten en fan ús ôf te setten. Dat soarget foar geastlike frijheid en libbenswille en mei in fleurich hert ferset men mear goeds as mei soarchlike prakkesaasjes oer de tastân fan de wrâld en it eigen tekoartsjitten.


Om mei de wurden fan myn favorite profeet Preker te besluten:

'Wês dus net al te rjochtfeardich en hâld dy net al te wiis – wêrom soesto dysels om hals bringe?'

Of yn goed Frysk: net te froed en net te tsjoed.


Jan Lautenbach


* Fansels moat ik tajaan, dat ik neffens boppesteand stik myn politike karriêre dus ferkeard begûn bin.

Lykas alle politisy soe ik earst de wrâld ferbetterje. JL


De beam fan kennis

fan goed en kwea


foto © Wikipedia