Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl

Septimber 2008
Oertinking oer Lukas 13: oer bûgd wêzen en oerein kommen
(troch Rienk Klooster)

Dizze oertinking stiet ek yn de Earn fan oktober 2008 en dy kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Earn 41

'Jou my wjukken’

Skriftlêzing: Lukas 13:10-17

Gemeente. Yn maaie en juny sieten wy yn lyts komitee byelkoar om dizze starttsjinst ta te rieden.
Wat moast it tema wêze?
'Kijk de kerk'  wurdt ús troch de synoade oanrikt. Goed bedoeld fansels, mar ús spriek it net sa bot oan. Likemin as de tema’s fan alderhande oare startsneinen op it ynternet. Doe kamen wy út op de titel fan it iepenloftstik dat dit jier opfierd wurdt yn Jorwert: ‘Jou my wjukken’. Dat sei ús mear.
Ik wit net oft guon fan ús it stik sjoen hawwe of de film kenne. De Ingelske titel is As it is in heaven (2004).
By de Oscar-útrikking (de heechste filmûnderskieding yn de USA) fan 2005 krige de film de priis foar de bêste bûtenlânske film. It tema dêr't it oer giet, is bysûnder moai. Oangripend hjir en dêr sels. En dat benammen fanwegen de psychologyske kant.

Karakterûntjouwing
Hiel nijsgjirrich is it wat der bart mei de haadpersoan, de topdirigint Daniël Daréus.In man dy’t derop út is om krekt troch muzyk de herten fan minsken iepengean te litten. It is ek nijsgjirrich wat der bart mei de oare minsken dy’t yn it ferhaal foarkomme. De doarpsdûmny bygelyks en de koarleden. Hoe 't dy har ûntjouwe en hoe 't dy karakters bleatlein wurde.
Der sitte ferskillende hichtepunten yn it stik. Sa’n hichtepunt is fansels it slot as de dirigint leit te stjerren oan in hertoanfal en dan heart hoe’t de minsken yn de konsertseal spontaan begjinne te sjongen. By eintsjebeslút hat er mei syn muzyk de herten fan de minsken iepene.


‘Tenei is myn libben fan my’
In oar hichtepunt is it liet fan Gabriëlla. Dat is in frou dy’t in hiel swier libben hat en dy’t troch har man Ferry,
in hiele tyrannike, agressive en tagelyk ûnbenullige man, mishannele wurdt. Elkenien hat begrutsjen mei har, mar net ien kin der wat oan dwaan. Ut harsels moat hja safier komme om oerein te kommen út har ellindige sitewaasje.
De dirigint Daréus helpt har troch de krêft fan de muzyk. Krekt dizze frou moat it liet sjonge oer opstanning en libben. Hja nimt de útdaging oan en it is yndrukwekkend om te sjen, hoe’t dizze frou oereinkomt en mei in rjochte rêch dat liet stiet te sjongen. In liet, hiel sterk fan ynhâld en fol fan geastkrêft en libbensmoed.

Ja, tenei is myn libben fan my,
want ik bin sa koart hjir op ierde.
Ut dy langst wei naam ik myn beslút.
Wat ik socht, ha ik hjir no fûn.

Dit is einlings wat ik graach woe,
Ik betroude op myn gefoelens.
Wist dat ik oait in diel ha soe
fan de himel dy’t ik nea fûn.
Ik wol fiele dat ik libje,
al myn dagen lang.
Ik wol wêze wa’t ik bin.
Ik wol witte dat ik libje.
Ja ik fiel dat ik it kin!

Ik wie jimmer trou oan mysels,
ek al kaam dat amper nei bûten.
Earder seach ik gjin oare wei,
mar no kies ik en ik bin frij!

Wat ik wol, is libje,
wêze wa’t ik bin.
as ’n frou sa sterk en frij.
Út de nacht ferriist de dei.
Ik bin hjir, no,
en gjinien nimt my dit ôf!
En de himel dêr’t ik fan dream,
leit foar my yn it hjir en no.
Ik wol fiele dat ik libbe ha!


It ferhaal yn it koart
Myn ferhaal is fansels gjin resinsje fan in tonielstik of fan in film. It is in preek by gelegenheid fan de start fan
it winterwurk. Mar dit tonielstik brocht my by in bibelferhaal, dat foarkomt yn Lukas 13. It giet oer in frou dy’t troch Jezus better makke wurdt. It is in hiel koart en ûnbekend ferhaal. It spilet him ôf yn in synagoge, ik tink fan yn Galilea. It giet dêr oer in frou dy’t al 18 jier ‘in geast fan swakkens hie’ (sa stiet it dêr letterlik). Hja wie sa rûngear, dat hja koe hielendal net mear rjochtop stean.
Jezus is dwaande mei syn ûnderrjocht en dan falt ynienen syn each op dy miswoeksen frou. Hy seit dan tsjin har: ‘Frou, jo binne ferlost fan jo swakkens’. Hy leit har de hannen op, stiet der en meiïens stiet se rjocht oerein en prizet God. Der ûntstiet dan by de oare synagogegongers in diskusje oer de fraach, oft it wol pas jout om op de rêstdei immen better te meitsjen. Mar dat litte wy mar foar wat it is.


Nijsgjirriger is it karakter fan it ferhaal, dat op in hokus-pokus ferhaal liket. Mar dat is it yn wêzen hielendal net. It giet oer in minske dy’t al 18 jier in slimme kwaal hat, dy’t troch it libben giet, bûgd en krûm fanwegens in slimme lêst. In minske dy’t neidat se Jezus moete hat, wer mei in rjochte rêch troch it libben gean kin.
Wy moatte ús betinke, dat de ferhalen dy’t de evangelisten ús fertelle oer de wûnders fan Jezus, altiten in ferwizende betsjutting hawwe. It binne tekens dy’t ferwize nei it grutte wûnder fan Peaske: it mystearje fan de ferrizenis fan Jezus út de dea en dêrmei fan de oerwinning fan it libben op de dea. En wat dat mei minsken docht. Dêr giet dit ferhaal ek oer.

Wat mekearde de sike frou?
Wy geane werom nei wat der bart yn dy synagoge. Sa kin men jin ôffreegje, wat dy frou krekt skeelde? Wie it rimmetyk of sokssawat? Dat is uteraard net mear nei te gean en dat is foar de útlis fan it ferhaal sels net wichtich om te witten. Persoanlik haw ik it idee dat der hiel wat oars oan de hân west hat as in rêchkwaal. Want der stiet dat ‘de satan har 18 jier bebûn hat’. Der wie om samar te sizzen in kweade macht yn it libben fan dy frou, in kweageast dy't har al dy jierren yn de besnijing hân hat. In macht dy’t har deltriuwt en dy’t wol sa sterk is dat se dêr net tsjin opwoeksen is. En dat giet no al sa’n 18 jier lang.
Oer dat getal 18 falt ek noch wol wat te sizzen. 18 is trije kear seis. Yn de Tora stiet dat in Israëlyt dy’t oan legerwâl en yn slavernij rekke is, nei seis jier wer frijlitten wurde moat. De gedachte wie dat men it gjin minske oandwaan kin om in libben lang yn slavernij te libjen. Dizze frou hie trije kear sa’n skoft yn de macht fan in kweageast sitten. Achttjin jier hie hja libbe yn ûnfrijheid en slavernij, of wat it dan ek mar wie.
As Jezus dy opfallende ferskining dêr tusken dy oare minsken sjocht, dan lit er syn ûnderrjocht foar wat it is, rint op har ta en helpt har ôf fan wat har pleaget en deltriuwt. En dan stiet der dat de frou oereinkomt en God priizget.

Oer bûgde minsken
Gemeente, wat is no krekt de aktualiteit fan dit ferhaal? Wat hat it ús hjoed te sizzen? Ik tink fan in hiel
soad. Want ek hjoed binne der frijwat minsken dy't bûgd troch it libben geane en dy't krektlyk as dizze
frou deltreaun wurde troch in swiere lêst. En dan haw ik it net oer rimmetyk of hernia of in oare fysike kwaal, mar op hiel wat oars. Net daliks te sjen, of miskien wol foar immen dy't mei in skerp each nei minsken sjocht, lykas Jezus dat die. Want fakentiids is der ommers yn de hâlding fan minsken, yn in wize fan rinnen, mar benammen yn de eachopslach wol te sjen dat der wat oan skeelt.
Ik doel op dy minsken dy’t swier beladen troch it libben geane fanwegen in swiere lêst dy’t har op de nekke sit en dy’t se net fan har ôf sette kinne. Dêrby kin it gean om in kweade ynfloed, in kweade stim, dy’t der altiten is. En dy’t in ferdjerlike ynfloed hat op it stean yn it libben.
Wat men ek docht, hoe’t men der ek tsjin wrakselet om dy stim kwyt te wurden, hy is der altyd.
Fanalles kin der yn in minskelibben barre dêr’t men troch tekene wurdt. Dingen dy’t jin oerkomme: in slim ferlies, in djip fertriet, sa yngripend dat men der net oerhinne komt. Mar der kinne ek slimme dingen wêze dy’t jin oandien binne, dy’t jin bybliuwe en deltriuwe. Negative ynfloeden fan bûten, krinkend en fernederjend oant yn it djipste fan jins siel.
Ik fyn it altyd freeslik, dy ferhalen dy't minsken my soms yn fertrouwen fertelle. Bygelyks hoe't se thús altiten it gefoel hân hawwe dat se net akseptearre waarden. Hoe't se altiten efterút set binne by it bruorke of it suske.

Dy waarden omheech stutsen, mar foar jin wie der noait in wurd fan wurdearring, hoe't men jins bêst ek die.
Yn myn pastorale kontakten kom ik sokke ferhalen in hiel soad tsjin.
Hûshâldings lykje nei bûten ta fakentiids hiel prachtich en harmonieus, mar wat him bytiden efter dy doarren ôfspilet, dêr ha wy ornaris gjin idee fan. Der is net allinne soks as lichaamlike mishanneling, geastlike mishanneling bestiet ek. En krekt dêr leit in grut taboe op om oer te praten, om dat nei bûten te bringen.
As men der al oer begjint, dan wurdt it amper serieus nommen. Dat komt omdat bûtensteanders der gjin ried mei witte.
Mar it bestiet wol. En mear as wy tinke.
En sadwaande rinne der frijwat minsken om, rûngear fanwegen de leafde, de akseptaasje en de  wurdearring dy’t har ûnthâlden is. Foar oaren wie it der wol, mar net foar jin.
As oan in ynfús is it fenyn jins libben yndript al fan jongs ôf. Mei wurden of sûnder wurden:
'Do, wat  soesto. Mien mar net datst wat bist. Want do kinst neat en it sil ek neat mei dy wurde!’
En sa binne der minsken, waans gefoel fan eigenwearde en selsrespekt oant yn de woartels ta oantaast is.
En in hiel negatyf selsbyld is sadwaande ûntstien. En de djipste laach dêrûnder is it gefoel: ‘Eins mei ik der net wêze!’  En somtiden is minsken dat ek oan te sjen. It stiet yn de eagen te lêzen.

Oer oerein kommen
Jezus seach dêr yn de synagoge sa’n frou en it rekke him djip. Want in minske mei rjochtop gean, omdat er witte mei dat er akseptearre is troch de himelske Heit. Dy hâldt fan syn bern sûnder betingsten.
'Frou, jo binne ferlost fan jo swakkens', seit er, en hy leit har de hannen op. En de frou stiet mei-iens rjocht oerein en prizet God. Hja stiet om samar te sizzen op út de dea. Hja kriget wjukken, komt oerein en libbet.  
Gemeente, ik tink dat dit foar ús allegearre in hiele aktuele boadskip is by de start fan it winterwurk.
 Amen.

Rienk Klooster



FOWE  -  De Earn