grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Desimber 2011
Oer Messias-
Sa út en troch lêst en/of heart men wer ris fan groepen Kristenen of beskate sekten, dy't ferwachtsje dat it ein fan 'e tiden oansteande is en dat Jezus Kristus (de Messias) mei gauwens (werom-
Soks giet faak lykop mei preken út Iepenbierings oer ierdskoddings, oarloggen en de lêste striid tusken Satan en dy Messias.
Ek it Joadedom wachtet noch altyd op de komst fan de Messias en der hawwe ek ferskate Joadske falske Messiassen west, dy't foar in soad teloarstelling soarge hawwe.
En yn de Islam -
It docht dus wol bliken dat tinkbylden oer de Messias noch libje as in hert yn de trije grutte monoteïstyske godstsjinsten en dat it foar ús fan belang is om te witten wêr oft dy ideeën weikomme en wêr't se ta liede kinne.
De letterlike betsjutting
It Joadske Mashiach betsjut "hy dy't salve is" of "salvling (NL: gezalfde). Yn de earste Grykske bibeloersetting, de Joadske Septuaginta, is it oerset mei Christos.
Yn Eksodus wurde wiidweidige foarskriften jûn foar de tsjinst oan de Heare troch de prysters en de Leviten.
En yn Eksodus 30 fers 30 wurdt tsjin Moazes sein:
"Ek Aäron en syn soannen (it prysterskip wie in erflik amt, JL) moatst salvje en har hilligje, om my as pryster te tsjinjen."
En as Israël letter keningen kriget, wurde dy ek salve. God warskôget troch Samuël tige foar it keningskip, mar as it folk perfoarst in kening ha wol, krije se dy.
Yn Samuël 15 fers 1 seit de profeet tsjin Saul: "De Heare hat my stjoerd om jo as kening oer syn folk, oer Israël, te salvjen". Mar nei't Saul sûndige hat tsjin it befel fan God, wurdt Samuël der letter op útstjoerd om David ta kening te salvjen: "Doch dyn hoarn fol mei oalje en gean derop út. Ik stjoer dy nei Isai, de Betlehimmer, want ûnder syn soannen haw ik My in kening útsocht".
Ferskowings fan de betsjutting
As yn de rin fan de hûnderten jierren dêrnei de keningen fan Israël en Juda yn de praktyk faak tige ôffalle, feroaret de betsjutting fan Messias aloan mear nei in ideaal-
"O God, lit de kening jo rjocht sprekke,
de keningssoan jo gerjochtichheid."
De hiele Psalm is in rop om gerjochtichheid en frede, dy't yn it deistich libben blykber faak fier te sykjen wienen. Keningen binne ornaris minder moai as se har foardogge!
Dat ideaalbyld fan de rjochtfeardige kening begjint noch mear te libjen as Israël yn 585 foar Kristus yn ballingskip fuortfierd wurdt nei Babyloanje.
Dy rjochtfeardige kening sil in soan út it hûs fan David wêze, neffens de útspraak fan de Heare oer de soannen fan David (Jesaja 11 fers 3 en Kroniken 23 fers 3).
Benammen de profeet Jesaja skilderet yn haadstik 11 in ideaalbyld fan dy Kening dat jin noch altyd yn it moed taaste kin:
"Oer him is de Geast fan de Heare kommen,
de Geast fan wysheid en ferstân, ( . . .)
De earmen sil er rjochtfeardich har rjocht jaan."
It binne profesijen lykas dizze dy't it Joadske folk altyd wer de moed jûn hawwe om trou te bliuwen oan har God en har leauwen. It meast sintrale tinkbyld yn it Joadske leauwen is neffens my dan ek altyd wer de hoop (miskien noch wol mear as de leafde dy't neffens Paulus it heechste is).
De lijende feint fan de Heare
De twadde Jesaja skilderet oan de ein fan syn profesij (hdst. 40 o/m 55) yn haadstik 53 in byld fan
"de lijende feint fan de Heare", sa't er hjoed-
"En dochs -
It hiele Joadedom hat dit altyd sjoen as in byld fan har eigen folk: troch it lijen en it foarbyld fan Israël sil de hiele wrâld ferlossing brocht wurde. Sjoch bygelyks de haadstikken 6 en 7 fan Makkabeeën II. Benammen yn dy tiid wurdt foar it earst it ferbân lein tusken de lijende feint fan de Heare en de Messias.
De Kristenen lykwols, hawwe dizze profesij beskôge as in foarsizzing fan Jezus syn lijen en dea.
En de opmerksume lêzer fan haadstik 53 en de lijensferhalen yn de Evangeeljes sil himsels ôffreegje oft dy ferhalen basearre binne op Jesaja 53 of op wat der wier bard is om Jezus syn krúsdea hinne.
Noch in byld: de minskesoan
Oant hjir ta wienen de Messiasbylden tige konkreet: se hienen te meitsjen mei it folk Israël sels en konkrete, stjerlike minsken, dy't troch God stjoerd binne om it lot fan Israël en de wrâld te ferbetterjen en ta har doel te bringen.
Mar ûnder druk fan lijen, need en ûnderdrukking begjint dat byld te feroarjen.
Kin in minske soks noch wol oan? Moatte Gods boadskippers net wat mear yn 'e bouten ha?
Dat sjocht men bygelyks yn Ezechiël. Yn Ezechiël wurdt de profeet troch God oansprutsen as 'minskesoan':
yn it Hebrieusk is dat 'bar enasj' en de hiel gewoane oantsjutting foar 'minske'.
Der wurdt ek wol oannommen, dat de Joaden fan dy tiid mei dizze oantsjutting dúdlik ôfstân nimme woenen fan de rûnom libjende ideeën oer de Goadesoannen út de Grykske mytology.
Mar yn haadstik ien fan datselde boek -
De gongbere, kristlike lear sjocht hjir in foarútwizing nei Jezus yn, mar yn alle gefallen is it dúdlik in persoan dy't it minsklike al begjint te oerstigen.
Yn it twadde part fan Daniël -
"En sjedêr, mei de wolken fan de himel kaam Ien as fan in minskesoan. Hy slagge oan Him ta dy't heech op jierren is, en se brochten him foar Him. Hearskippij en eare waard him jûn, it keningskip, dat alle folken, naasjes en talen ferearen him. Syn hearskippij is sa'n ien foar ivich, ien dy't net foarby giet, en syn keningskip sant dat net fergiet" (en tink hjir om it gefaarlike spul mei de haadletters: Him, him en Ien!).
Daniël is der noch net wis fan wa't it is en hâldt in slach om de earm: ien as fan in minskesoan. Hoe dan ek: suver alle Joadske útlizzers fan it boek Daniël geane in stap fierder.
Boeken as Henoch 1 en 2, de Apokalypsen fan Baruch en Ezra en de Testaminten fan de Tolve Patriarchen, jouwe it byld fan in boppe-
De teloarstellings oer minsklike ferlossers (benammen it regear fan de Hasmoneeërs, de ôfstammelingen fan de lieders fan de Joadske opstân tsjin de Syriërs) meitsje, dat de Messias aloan mear in boppe-
De ferbining mei de eintiid
De ferwachte komst fan de salvling fan de Hear wie yn it earstoan de komst fan in gewoane soan fan David, dy't it keninkryk Israël wer frij meitsje sil en gerjochtichheid bringe.
Yn de rin fan de lange jierren fan ûnderdrukking en ferset en striid ûntstiet hieltyd mear it byld fan in troch God stjoerde yngriper yn de skiednis, om't de need te grut wurden is. It langstme nei de komst fan de Messias en it ryk fan God wurdt sa sterk, dat it in soarte fan utopy, in dreambyld wurdt.
In soad Joaden realisearje har dat soks net sûnder striid barre kin. Yn dy tiid ûntsteane ek ideeën oer 2 Messiassen: de iene as oarlochs-
De oarspronklike tsjinstelling tusken Israël en de Gojim (de oare folken) wurdt hieltyd mear in tsjinstelling tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea.
Yn dit ferbân moat wiisd wurde op de steatsgodstsjinst fan de Meden en Perzen, it Zoroastrisme, dat grutte ynfloed hân hat op alle godstsjinsten yn it Midden-
De profeet Zoroaster (1000-
It brânend hâlden fan in ivich fjoer (it ljocht) is dan ek in wichtige taak yn dizze religy. Troch it opkommen fan de Islam, dy't dizze godstsjinst swier ûnderdrukt hat, is der hast neat fan oerbleaun. Der besteane noch lytse groepkes yn Iran, Yndia, Pakistan en Azerbeidzjan.
Ien fan de wichtichste tinkbylden út dizze religy is, dat der oan 'e ein fan 'e tiden in grutte einstriid komme sil tusken de goede God en syn folgelingen en de kweade God en syn meistanners.
Yn it ramt fan dit artikel kin ik net fierder yngean op dit nijsgjirrige ûnderwerp, mar de measte lêzers fan dit blêd sille maklik ferbannen lizze kinne mei kristlike en bibelske ideeën oer de eintiid.
De komst fan de Messias
In soad Joaden yn en krekt nei de tiid fan Jezus wachten op de komst fan in Messias dy't yn in lêste einstriid de ferlossing fan de Romeinen bringe soe.
Yn de Evangeeljes is ek dúdlik te fernimmen dat Jezus sels yn de ferwachting fan de eintiid libbet.
It is dreech te sizzen hokker tinzen Jezus der sels oer hie, mar hy hat blykber net foar it geweld kieze wollen, hoewol't der ûnder syn learlingen in tal (eks?) fersetsstriders sitte. Hoe dan ek, nei syn dea binne de Joaden ferskate kearen -
oermachten fan fijannen.
De gefolgen binne bekend: se binne fierhinne útmoarde en ferjage nei de úteinen fan de ierde. It is gjin wûnder dat de Joadske rabbys it fan dy tiid ôf wat op in sêft sin set hawwe mei Messias-
Se witte mar al te goed, hoe't soks út de hân rinne kin.
En dat liket my -
En dan bin ik yn goed Joadsk selskip, want yn de Talmûd wurdt sein, dat as Israël ek mar ien dei boete dwaan soe en har hâlde oan Gods wet, dan sil de soan fan David sûnder útstel komme, want der stiet ommers yn Psalm 95: "Hjoed noch, as jim harkje nei syn stim!" (Sanhedrin 97a).
Jan Lautenbach
In hegepryster yn syn yn de bibel
beskreaune klaaiïnge
by it wijreekalter