Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Maart 2009

It kwea as macht en as realiteit

(troch Jan Lautenbach)


De foarbye moannen hawwe wy ferskate preken heard oer de macht fan it kwea yn dizze wrâld en yn de minsken sels. Besikers fan de Earnewâldster Rûnte hawwe der al fiif lêzingen oer hân en op de praatrûnte ha we der ek oer te set west.

Spitigernôch foel it my op de Earnewâldster Rûnte faak wat ôf. Yn in pear gefallen lei dat oan de presintaasje fan de sprekkers, of gongen se net wier op it ûnderwerp yn, of waarden te detaillistysk, mar neffens my lei it ek oan de kompleksiteit fan it ûnderwerp. Alle sprekkers hawwe ferskuorrend har bêst dien, mar se binne der net útkommen. Oan de ein fan har ferhaal stiene sy en wy mei lege hannen.

It kwea is fan alle kanten besjoen, mar hoe’t it komt dat minsken duvels foar har meiminsken en de skepping wurde kinne, dêr is net ien fan harren út kommen en de measten sille dat ek daalk tajaan. It kwea is en bliuwt ûnbegryplik en ûngrypber. Dochs haw ik der sels in hiel soad fan leard.


Goed en kwea sit ferfrissele yn alle minsken

Yn it foarste plak fan de earste preek oer it kwea fan Jan Koops. Dat gong oer de goede en de wylde weet, dy’t troch inoar hinne groeie. Hy wiisde der op, dat de likenis net allinne giet oer it útroegjen fan de wylde weet (oftewol it kwea), mar dat it goede en it ferkearde yn alle minsken neist inoar groeie en besteane.

Dat wie in aspekt fan dizze likenis, dêr't ek noch noait earder op wiisd wie.

En dat waard my nochris dúdlik nei ôfrin fan de lêzing fan Hessel Posthuma, doe’t him frege waard wêrom oft er Boeddhist wurden wie. It antwurd op dy fraach docht hjir net ta de saak, mar wol syn opmerking oer it meditearjen. En dan haw ik it net oer meditaasje yn de sin fan rêstich sykhelje en wer kalm wurde yn ‘e drokte fan al den dei, mar oer meditaasje yn de sin fan: selsûndersyk en tige kritysk nei josels sjen.

It Boeddhisme leit dêr tige de klam op, want in minske kin net trochgroeie op it geastlike libbenspaad – ferljochting neame se dat yn it Boeddhisme - as er himsels hieltyd foar de gek hâldt oer himsels en syn eigen djipste gefoelens, langstmen, eangsten en hanneljen, oft dy no goed of ferkeard binne.


Persoanlike konfrontaasje mei it kwea is needsaaklik

In twadde aspekt fan it kwea brocht Sjef Laenen nei foaren yn syn lêzing oer goed en kwea yn ‘e Joadske mystyk. Neffens de Joaden is God almachtich en ferantwurdlik foar de skepping. Dy skepping is goed en dus kin it net oars of God hat ek it kwea skepen em mei in hiele dúdlike bedoeling. De kristlike lear fan de sûndefal fan Adam en Eva en de erfsûnde hat perfoarst gjin woartels yn de Torah. It is krekt Gods

bedoeling dat wy troch ûnderfining leare wat goed en kwea is. Alles wat yn de Bibel stiet, moat (ek) opfette wurde as in inerlik barren. De úttocht út Egypte, de reis troch de woastyn, de ballingskip yn Babylon: it binne reizen dy’t alle minsken persoanlik meitsje moatte om tichter by God en har bettere sels te kommen.

It is krekt yn de konfrontaasje mei it kwea dat de minske boppe himsels útgroeie kin.

Yn de Joadske mystyk wurdt sein, dat yn alle minsken in tzaddik, in rjochtfeardige, skûlet. Alle minsken kinne útgroeie ta ien fan de 36 rjochtfeardigen, om waans rjochtfeardigens God de wrâld noch altyd yn stân hâldt.


Ofskied fan it winskbyld fan josels

Foar mysels fierder tinkend, kom ik ta de konklúzje: dêr sit foar in soad fan ús de oast. De balke yn in oar syn each sjen, is net sa’n probleem en de measte minsken yn dizze wrâld (ynklusyf iksels) komme faak net fierder as dat. Ivich en altyd lizze wy de skuld (en dus it kwea) by oaren del. Mar earlik nei en yn josels sjen (sa't Boeddhisten dat dogge) en tajaan, dat josels net altyd suver op 'e graat binne, dàt kin in minske konfrontearje mei syn eigen djipste ôfgrûnen.

Mar as jo dy konfrontaasje net oandoare,docht pas bliken hoe glûpsk en fyn ynlein it kwea yn de minske trochwoekeret. De grutste misdiedigers bliuwe fan betinken dat se poerbêste minsken binne en se koenen et oars hannelje as dat se dienen.

Foar minsken dy’t de konfrontaasje mei harsels wol oandoare, wol ik beslute mei

in koart advys fan Pinchas Lapide (út “Wie liebt man seine Feinde?”):

“Wat te dwaan? Der is mar ien pynlik resept: myn ûndeugden en swakheden

betwinge, sa goed en sa kwea as it giet en tagelyk ôfskied nimme fan dat hearlike

winskbyld, dat ik yn myn eigen fantasije as selsportret ûntwurpen hie.

Drege arbeid oan it eigen ego, it stap foar stap akseptearjen fan it net ferklaaide ik

en in gruttere ferdraachsumens foar myn eigen swakheden oer . . .”


Jan Lautenbach