grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Oktober 2009
Ympresjes fan in reis nei Sina
Uteraard hat men as teolooch op sa’n reis nei Sina benammen each foar de geastlike en religieuze kant fan sa’n lân. Wy hawwe ferskate timpels sawol fan bûten as fan binnen besjoen. Ek ha wy yn in moskee west en fansels is it ús net ûntgien dat yn Sina ek tsjerken steane.
Us waard ferteld, dat der de lêste jierren in folle gruttere tolerânsje is op it gebied fan godstsjinst as it wol west hat, alhoewol de oerheid de ûntjouwings op geastlik gebied wol goed yn it each hâldt. Yn de tiid fan de kulturele revolúsje yn de 60er en 70er jierren wie alle godstsjinst taboe en is der in hiel soad oan ieuwenâld religieus kultuergoed gewoanwei fernield. Sa binne yn Tibet de measte kleasters en timpels domwei mei de grûn gelyk makke. It falt jin trouwens yn it algemien op dat der by de Sinezen sa’n bytsje histoarysk besef libbet. Rûnom wurde ieuwenâlde gebouwen en wenwiken sûnder pardon opromme om plak te meitsjen foar moderne flatgebouwen. It seit ek hiel wat dat histoaryske stúdzje yn Sina hielendal net yn tel is. Sa binne der mar in bytsje studinten dy’t skiednis studearje. Mei skiednis falt ommers neat te fertsjinjen.
Leauwen en byleauwe
Nettsjinsteande dat is it opmerklik hoe’t yn Sina de religy al dy jierren fan ûnderdrukking oerlibbe hat.
Blykber is de minske yn djipste wêzen dochs folle religieuzer as wy ornaris tinke. Om te begjinnen binne de Sinezen o sa byleauwich, bygelyks wat sifers en getallen oanbelanget. It sifer 4 bringt ûngelok. Mar 6 en 8 dêrfoaroer binne geloksgetallen. Benammen it sifer 8 bringt jin gelok. Sa binne de nûmerbuorden op de auto’s djoerder al neffens dat der mear geloksgetallen op foarkomme. En it wie ek net tafallich dat de Olympyske spullen ferline jier yn Beijing begûnen om 8 minuten oer achten op 8 augustus 2008.
Ferearing fan foarâlders
Op ús reis ha wy frijwat timpels besjoen, dy’t ek goed besocht waarden, benammen ek troch jonge minsken. Timpels binne frij tagonklik foar elkenien en it is dêr in kommen en in gean fan minsken. Hja komme dêr om wijreekstokjes oan te stekken en om te bidden.
It is krekt as is der suver wat in religieuze oplibbing geande. Datselde foel ús trouwens ek op yn oare lannen dêr’t wy de lêste jierren west hawwe en dêr’t de godstsjinst ûnderdrukt west hat: yn Ruslân en Georgië bygelyks. Lykwols is it net sa maklik om wat sicht te krijen op it religieuze libben fan de Sinezen, op wat de minsken leauwe en wat har yn djipste wêzen dwaande hâldt.
In ferskynsel dat tige algemien is yn Sina, eins in folksgodstsjinst, is de foarâlderferearing. Jins foarâlden moat men te freon hâlde. Dy wurde dan ek fereare, sawol op hûsalters yn in hoeke fan de keamer as yn timpels.
Sa ha wy yn in timpel west, dêr’t de muorren fol hongen mei nammen en foto’s fan ferstoarnen.
Der wiene alters dêr’t minsken har offerjeften op dellizze koene en der wie in rige knibbelbankjes dêr’t men knibbelje koe. De offerjeften wiene foar de muontsen dy’t de timpel ûnderholden.
Yn oare timpels stie it fol mei bylden: alderhande goadebylden, mar ek likegoed Boeddhabylden.
By de yngong steane fakentiids bylden mei gryslike koppen om de kweageasten te ferdriuwen. In tige populêre goadin is Kwan Yin, de goadin fan de fruchtberheid en dy’t men ek oanroppe kin yn gefal fan sykten en kwalen. It foel my op dat yn dizze timpel de froulju yn de rige stiene om dizze goadinne te bewijreekjen, te oanbidden en om efkes har byld oan te reitsjen.
Kong Fu Tse
De trije godstsjinsten dy’t fanâlds Sina behearskje binne: it konfûsjanisme, it taoïsme en it boeddhisme.
Dizze trije besteane net njonkenelkoar, mar binne earder in ienheid. Sinezen komme bygelyks sawol yn Konfûsjus-
Lao Tse en it Taoïsme
Wat Konfûsjus (alhiel yn de tradysje fan de Sineeske tinkers foar him) neistribbe wie in libbenslear dy’t basearre wie op harmonije oftewol op de ‘Tao’. Mei dat lêste bedoele de Sinezen de harmonije dy’t bestiet tusken de twa prinsipes fan Yin en Yang, dy’t as de twa grutte tsjinstellings elkoar oanfolje ta in gehiel.
Op dizze harmonije fan tsjinstellings is de hiele werklikheid basearre.
Neat is hielendal Yin of hielendal Yang. Yin en Yang wurde ôfbylde as in twa kikkertsfiskjes dy’t tegearre in sirkel foarmje. Yin is it froulike prinsipe, Yang it manlike. Yin is alles wat kâld is, passyf, wiet, weak, tsjuster, heimsinnich en feroarlik. Yang stiet foar waarm, aktyf, hurd, droech, ljocht en stevich. It iene is net better as it oare en it iene kin net sûnder it oare. Troch de ‘Tao’ foarmje de prinsipes Yin en Yang in folseine harmonije fan tsjinstellings en wurkje yn alles wat bestiet. Sels in miel iten is yn Sina basearre op dit prinsipe.
It taoïsme is yn syn hjoeddeiske foarm in kompleks fan alderhande tsjustere rituelen, mar fan hûs út is it basearre op de lear fan de Sineeske filosoof Lao Tse, in tiidgenoat fan de niisneamde Kong Fu Tse.
Fanâlds wie it in djipsinnige en mystike lear, dy’t (oars as it mear praktyske en aktive konfûsjanisme) in passive libbenshâlding foarstie. De minske moast libje yn ienfâld en harmonije mei de natoer en troch mystike meditaasje komme ta in ynderlike rêst en in jin ien fielen mei dyselde natoer. ‘Wei-
De tredde religy is it Boeddhisme, dat yn syn Sineeske foarm ek wer eleminten yn him hat fan de beide oare religys. Trouwens Boeddha-
De heechste god is Ping Ping
It kin de Sinezen net safolle skele wat se oanbidde. As it har om samar te sizzen mar wat opsmyt en as it mar helpt.
Op de weromwei nei hûs siet ik yn it fleantúch neist in Koreaan, mei wa’t ik oan de praat rekke.
Hy fertelde my dat yn Súd-
Ik frege him nei it ferskil tusken it Sineeske en Koreaanske boeddhisme, om’t it my opfallen wie dat yn Sina de godstsjinsten sa bot trochelkoar hinne rûnen. Hy fertelde my dat dat yn Korea hiel oars wie en mei in glimke makke er de opmerking: ‘The Chinese are very flexible’ (Sinezen binne hiel fleksibel).
En ik tocht by mysels: De heechste god dy’t yn Sina fereare wurdt, is yn wêzen de god 'Ping Ping'.
Mar dat is in ferskynsel dat yn it westen net oars is.
Rienk Klooster
Sineeske timpel yn Xuchang