grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maaie 2010
Slauerhoff en Jorwert (3)
De Ryks HBS yn Ljouwert
Neffens in anekdoate hat in learaar Nederlânsk fan de Ryks H.B.S. oan it Saailân yn Ljouwert yn de personielskeamer ris de opmerking makke: ‘Ik haw op it heden twa learlingen, dy’t opmerklik goed binne yn it skriuwen fan opstellen: de iene is Simon, soan fan de gimmestyklearaar Vestdijk út Harns, en de oare is Jan, ien fan de stoffearder Slauerhoff hjir út de stêd’.
Jan Slauerhoff en Simon Vestdijk hawwe dus beiden op de H.B.S. yn Ljouwert sitten. In klasse leger op dyselde skoalle siet Annie, ien fan de fjouwer dochters fan dûmny C. Hille Ris Lambers út Jorwert.
It is nijsgjirrich om te witten dat der yn dy tiid op dy skoalle in literêre klup wie, dy’t ‘Eloquentia’ hiet en dêr’t sawol Simon Vestdijk as Annie Hille Ris Lambers lid fan wienen, en dy’t ek wolris gearkaam op de pastorij te Jorwert. Jan Slauerhoff hearde net by dy klup, mar koe wol o sa goed opsjitte mei Annie. Hja krigen wat ferkearing en sochten dan tegearre in rêstich plak op in bankje op it begraafplak oan de Spanjertsleane, in plak mei wat in romantyske sfear, dêr’t Jan ek gauris allinne te finen wie.
In kultureel fermidden
Op in dei naam Annie Jan mei nei Jorwert en stelde him dêr foar oan de famylje. Jan fielde him daliks thús yn it kulturele fermidden op de pastorij. De sfear wie dêr hiel oars as yn it âlderlik hûs yn Ljouwert. Mar hjir kaam er yn in kultureel fermidden: der waard piano spile en dûnse; der wie in bibleteek mei nijsgjirrige boeken op alderhande gebied en der waard praat oer ûnderwerpen dêr’t thús gjin belangstelling foar wie. Mei Annie har heit, Dr. Cornelis Hille Ris Lambers ûntstie in tige freonskiplike bân. Dizze dûmny wie in tige belêzen man.
Hy wie tsjerke-
Annie en Heleen
Mar der wie ek noch immen oars dy’t er op de pastorij moete: Annie har âldste suster Heleen. Doe’t er mei har yn de kunde kaam, rekke er op slach fereale. Sneu fansels foar Annie, mar it wie net oars. It hat lykwols in hiel koarte ferkearing west, want al gau hie Heleen yn de rekken dat Jan wol in hiele nijsgjirrige jonge wie, mar dat hja dôchs net echt by elkoar pasten. Dat sadwaande makke hja it út en reizge dêrnei al gau-
dûmnysfamylje Baart de la Faille. Yn dyselde snuorje gong Jan Slauerhoff nei
Amsterdam om dêr medisinen te studearjen. Wol is der sûnt dy koarte ferkearingstiid in freonskiplike relaasje bleaun tusken Jan en Heleen. Oer Heleen en syn gefoelens foar har, mar ek oer de sfear op de pastorij hat er in tal gedichten skreaun, dy’t hiel bysûnder binne en dy’t dus pleatst wurde moatte yn Jorwert. Foar it gedicht ‘Landelijke liefde I' dat er yn syn studintetiid skreaun hat, hat er de poëzijpriis fan de stêd Amsterdam krige.
Landelijke liefde I
Wij stonden gebogen over de vliet;
Daaronder leken onze gezichten
Ziende uit een toekomst, toen een lichte
Rimpeling ons glimlachen liet:
Ons spiegelend zooals wij niet
Meer konden zijn. Nooit meer? Ik vroeg haar:
‘Laat alles worden zoals vroeger.’
Zij gaf geen antwoord. Haar voetje stiet
Een steen in ’t water en terstond
Verdwenen we. Zoo was ’t altijd:
Verschijnen, verdwijnen, weerzien, afscheid,
Zoeken in elkaars oogen en mond.
Een zoen, niet bij machte kortstondige weelde
Te geven, dien alleen het voorgevoel
Van wellicht voor ’t laatst te doen
Een zekere ernstige wellust verleende.
By dit gedicht moast ik yn Jorwert altiten tinke oan it plakje hielendal efter yn de tún. In romantysk plakje efter it strewel, ûnder de beammen en oan it wetter fan it de Jorwerter feart. Ik lies dit gedicht dêr dan wolris foar oan Slauerhoff-
Landelijke liefde II
Op de golven vindt de zon verstrooiing,
Langs basaltblokken en sloepen voor
Anker trekt de vloed een vage voor,
Zacht schuim spoelt tegen de stenen glooiing.
Achter moerbeibomen ligt haar huis,
Een hardstenen, hoog begroeide hoeve
Door den moestuin naar de lage oever
Daalt een pad van blinkend schelpengruis
In de gevelspits heeft zij haar kamer:
Schuins verloopt de zware bruine balk
Naar een muur van schilferende kalk.
Kamerrozen staan voor beide ramen.
'k Weet haar levenswijs: namiddags laat
Ligt zij stil in omsloten zwoelte
En geniet zich in ontbloote koelte
Of wisselt langzaam van gewaad.
Ik hoor tonen, ver, als door een kier;
Zit zij niet van Sylvia te zingen
Met die stem van herfst en schemeringen
Voor het langzaam en ontstemd klavier?
Wonder zou het zijn: haar weer bezoeken,
'n Andere, of de vroegre weer te vinden:
Grillig droef of innig onverschillig.
Nam ze ’t leven, wacht ze nog gewillig?
Ik zal het geluk maar liever zoeken
Achter de einder, in de verte, in de blinde.
Yn it earste fers sitte bylden dy’t grif ûntliend binne oan Flylân, dêr’t er ek faak hinne gong.
Mar by de oare fersen binne wy wer yn Jorwert. De pastorij siet destiids ûnder de klimmer en de tún rint skean fan de terp ôf nei it wetter fan de Jorwerter feart. De brune balken en de muorren mei de skulferige kalk wienen yn ús tiid rûnom op de souder en de souderkeamers oan te wizen. It paadsje mei de núnders bestie allinne yn de fantasij fan de dichter (Letter haw ik sels dat paadsje oanlein). Wat dat liet oer ‘Sylvia’ oanbelanget, dat is wol histoarysk. Heleen hat my persoanlik meidield (dêr kom ik letter noch op) dat hja yn har jeugd graach piano spile en dêrby dan graach dat liet An Sylvia fan de komponist Franz Schubert sjonge mocht. Jan Slauerhoff hat om samar te sizzen efter yn de tún by it wetter stien en sa fan fierrens troch in iepensteand rút Heleen dat liet sjongen heard. Romantyk, net te min!
Romantysk is ek it weemoedige tema fan twa minsken dy’t o sa’n langst hawwe nei elkoar, mar dy’t spitigernôch net foar elkoar ornearre binne en dêr dan ûnder lije. Yn it lêste fers is sawol dy langst te finen, as ek de pine om de skieding en it sykjen fan it gelok earne oars, op in oar plak fier fuort.
Rienk Klooster
De famylje Ris Lamberts.
Efter, tredde fan links: Annie.
Efter, twade fan rjochts: Heleen
De pastorij fan Jorwert
yn it begjin fan de 20ste ieu