grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Juny 2010
Slauerhoff en Jorwert (4)
Weemoedich binne ek in tal gedichten dy’t Jan Slauerhoff skreaun hat neidat de amoereuze relaasje mei Heleen ferbrutsen wie. Wêr’t Slauerhoff op dat stuit krekt is, dat wit ik net: it kin noch op syn studintekeamer yn Amsterdam wêze, of miskien al op see. Mar yn alle gefallen tinkt er faak werom oan de femylje Hille Ris Lambers yn Jorwert en dan benammen oan dy âldste dochter Heleen, dy’t dêr dan noch wennet en dy’t altiten in bysûnder plak ynnommen hat yn syn libben. Neidat Heleen oan Jan witte litten hie dat se net byelkoar pasten – hja hie him witte litten dat hja earder as in mem foar him fielde as dat hja echt amoereuze gefoelens foar him hie -
Pastorale
Ik weet het: een Zondag als deze
Gewekt in weemoed van wind door regen,
Weet zij naar geluk geen wegen,
En zit aan een raam te lezen
Den vroegen morgen.
Om tien uur luidt het kerktijd.
Ze slaat een doek om, zij gaat
Loom met geloken gelaat
Den korten weg die naar de kerk leidt:
Hun hof grenst aan het kerkhof.
Haar vader spreekt zijn Amen.
Zij loopt weer door den tuin
Langs smalle zwarte paden
Te huiveren. Door de dunne gewaden
Schendt haar wind. Haar smalle voetjes waden
In het bloemenpuin.
’s Middags geen uitweg dan een wandeling
Door de weiden. Zij moet ontmoeten
Zwermende boeren, die haar groeten,
In geheiligde handeling:
De dochter van hun herder.
’s Avonds zit zij stil met haar ouders,
Haar moeder moe, haar vader dor.
Zij mijmert over ouder worden
En trekt òp de schouders.
Even trillen haar borsten.
Later, in het holle slaapvertrek,
Maakt zij ’t haar los voor een donkere spiegelbres
En brengt haar lichaam over
Van het dag-
Even staat zij naakt,
En gelooft ergens een vage kramp
Te voelen; het gaat over.
Zij dooft de lage lamp.
Jorwert op snein
It is in gedicht dat in weemoedich gefoel opropt oer in dûmnysdochter yn sa’n lyts doarp dêr’t neat te belibjen falt, en dy’t op sa’n tryste en reinige snein wat yn ‘e hûs sit. Hja sit wat by it rút te lêzen, sjocht no en dan ris nei bûten en wa wit binne har gedachten wol by dy jonge út de stêd, dêr’t se koartdeis de ferkearing mei útmakke hat. Moarns tsjin tsjerktiid liede de klokken en makket hja har klear om nei de preek te gean. Botte fleurich is hja net as hja dat útgiet oer it smelle paadsje fan de de pastorijtún nei tsjerke ta. As har heit it ‘Amen’ útsprutsen hat en de tsjinst dien is, is bûtendoar it waar noch like skrousk, mar hja makket al in kuierke troch de pastorijtún. Middeis om melkerstiid is der foar har oars gjin ferdivedaasje as in slach troch de buorren en of om de Battenser of Hesenser reed in ein del te rinnen. Dêr komt hja dan de boeren tsjin dy’t ûnderweis binne nei harren fee en de deftige dûmnysdochter hoflik groetsje. De sneintejûn ferrint allikemin botte fleurich. Mei har âlden hat hja net folle praat. Hja fielt har net gelokkich en mei in holle fol tryste prakkesaasjes siket hja by eintsjebeslút har sliepstee dan mar op.
It is de fraach oft Heleen echt yn sa’n tryste stimming ferkeard hat of dat it oer Jan sels giet, dy’t yn dit gedicht syn eigen gefoelens fan weemoed en langst yn har projektearret. Mar it kin ek hiel goed wêze dat er ôfgeande op har brieven, har stimming wol hiel goed oanfield hat en treflik werjout yn dit gedicht.
Jorwert hat ek syn goede kanten
In oar gedicht dat ek oer dyselde Jorwerter dûmnysdochter giet en oer de gefoelens dy’t Jan Slauerhoff noch altyd foar har hat, is ‘De Terugkeer’ I en II. It giet oer de tsjinstelling oan de iene kant tusken de ynderlike ûnrêst fan de dichter dy’t syn gelok siket yn fiere fierten, mar dy’t it dêr ek net fine kin, en oan de oare kant oer it kalme en evenredige famke dat thús yn alle rêst har deistige dingen docht en fierder yn alle frede genietet fan de gewoane dingen fan it libben. Dit kear idealisearret de dichter har bestean en fielt er in djippe langst yn him om har skielk wer op te sykjen yn dat idyllyske Fryske doarpke.
De Terugkeer
I
Ik zocht in zeeën, bosschen, bergen, droomen,
Nimmermeer rustig tot de plek gekomen,
Waar zij verborgen als een bloesem was
Onder ’t in langen herfst gewoekerd gras.
Hoe kon, in ’t ruim teloor, ik ook vermoeden
Dat zij vol zorg de hoeve voort zou hoeden
En stil in stagen vree de weelde won
Die ik zwervend nooit bereiken kon?
Bosch, velden, meren liggen dof en grauw
In langen herfst in de’ einder laag en nauw;
Zij bloeit, ondanks den nacht, ondanks den dood
Van bloemen, droomen – welkt ternauwernood.
II
Zij leeft in ’t afgelegen, mistig land
Dat ik verliet de wereld om te varen;
Zij woont er nog, ik weet het zeker, want
Een sterke vrede was de hare.
Het maakte haar niet neerslachtig dat de weiden
Groen waren, lente, zomer, herfst en winter.
Zij werkte, en wist altijd iets te vinden
Dat ‘t grijs bestaan tot een rein wonder wijdde.
Zelfs op het kleine kerkhof zat zij graag,
Er stond een bank onder het schrale loover,
Achter een schrompelende wilgenhaag
Bijna vergeten door den zomer.
Daar kon zij ’s avonds na het dagwerk toeven,
Zag van haar boek, ’t liefst een dat zij al kende,
De wolken trekken over molens, hoeven,
Tot de avondzon haar weer naar huis deed denken.
Daar wilde ik vóór haar staan, als uit haar droomen
Overgegaan in een warm waar verhaal.
Maar zij zou mij van verre al aan zien komen:
Het lage land ligt tot den einder kaal.
Beide gedichten, sawol ‘Pastorale’ as ‘De terugkeer’, sitte fol romantyk. Der is by de dichter in ynderlike ûnrêst, in langst nei fiere oarden dêr’t er net fine kin wat er siket, en djippe langst nei de leafste dy’t oars as him in gelokkich en fredich bestean libbet en útsjocht nei syn kommen, mar dy’t foar de dichter allyksa ûnberikber is. Twa minsken dy’t troch it needlot op elkoars wei kommen binne, dy’t fanwegens ferskil yn aard en wêzen net mei en net sûnder elkoar kinne, mar wol dy’t in djip gefoel fan langst nei elkoar hawwe en dy’t dat beiden harren libben lang ek foar elkoar hâlde sille.
Rienk Klooster
Jan Slauerhoff
op syn studintekeamer yn Amsterdam
Jan Slauerhoff as skipsdokter