grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maart 2013
Seiderjûn
Der wie ris in ryk man dy’t it yn de wrâld tige goed gien wie. Hy hie safolle eare en macht en rykdom wûn, dat er him neat mear winskje koe.
Mar hy fielde him ûngelokkich, want it leauwen fan syn jeugd dat wie er kwytrekke.
Hy besocht om it werom te roppen, mar hoefolle muoite oft er der ek foar die, it kaam net werom.
Doe kaam him wer yn it sin hoe’t er by syn pake thús de seider fierde en, hoe't by it skinken fan de fjirde beker wyn, dy't dy jûns dronken wurdt, Eliah der ûnsichtber ynkaam, en hoe’t der foar him dan ek in beker delset waard.
Omdat it krekt de deis foar it Joadske Peaskefeest wie, besleat er, syn ried te’n ein, nei de joadebuert ta te gean, om te sjen oft er dêr de profeet fine koe en oft dy him helpe woe.
De komst fan de profeet
En hy fûn him. Op ‘e hoeke fan in strjitte stie in âldman dy’t, doe’t er him seach, op him ôf kaam en sei:
'Kom ik haw op dy wachte.' Dat koe nimmen oars wêze as de profeet Eliah, dy't ommers yn elk stal ferskine kin, ek yn dat fan in bidler.
'Myn frou hat noch neat foar it feest,' sei de man, 'want ik haw gjin jild.'
Dêrnei gongen se tegearre te boadskipjen. De earme man kocht, de rike man betelle.
Matses, fleis, fisk, en echte wyn (gjin rezinewyn) en alles wat men nedich hat foar in wiere seiderjûn.
Se kochten ek wat klean.
Doe woe de rike man ôfskied nimme, mar de earme man frege beskieden: 'Kom jûn op myn seider'.
En de rike man gong by de earme man te gast en frege him ôf, hoe’t it wêze soe, as de profeet de fjirde
beker delsette soe, dy’t ommers foar himsels ornearre wie.
De seider waard fierd mei geandewei grutter freugde, oant it momint kaam fan it wûnder dat ferwachte waard. En it wûnder barde. De earme man naam de beker, skonk him fol, sette him del foar syn gast en sei:
‘Drink en tink net dat ik net wit datsto it bist, do grutte en goede profeet Eliah, op wa’t ik al salang wachte haw.’
Doe wist de rike man wêr’t er sykje moast, wat er kwytrekke wie.
De oersetting fan dit Joadske peaskeferhaal fan Abel Herzberg is fan Rienk Klooster.
Gefoelens fan leechte en gemis . . .