Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Maart 2011


Slauerhoff en Jorwert (5)


In Jorwerter gedicht fan Slauerhoff, dat wat apart stiet fan de oare gedichten is ‘De dienstmaagd’.

It is te finen yn de bondel Archipel.


Ek dit is in wat tryst gedicht, dat giet oer de kwetsbere posysje dy’t in ynwenjende tsjinstfaam fanâlds hie. Fakentiids wienen it famkes út it arbeidersfermidden, dy’t sa gau as se fan skoalle kamen oan it wurk moasten om wat te fertsjinjen foar de húshâlding. Guon kamen as lytsfaam oan it wurk by in boerinne.

Oaren teagen nei de stêd om dêr te ‘tsjinjen’. Sa bedarren frijwat famkes út it noarden en easten fan it lân as tsjinstboade by rike femyljes yn Hollan.

Ik haw in âlde frou kennen, dy’t in grut part fan har libben tsjinne hie yn Den Haach en dy’t dan wol fertelde

oer de tiid doe’t se se noch ‘by de minsken’ wie. In ynwenjende tsjinstboade hie yn sa’n rikeljus-hûshâlding in ûnderdanige en benammen kwetsbere posysje. Hja hie te foldwaan oan de winsken fan mefrou, har altiten uterst korrekt op te stellen en gjin kommintaar te jaan as dingen har net sinnigen. Tsjinstboades dienen alderhande hûshâldlik wurk en betsjinnen de femylje as dy oan it miel siet. Sels ieten hja yn de koken by it oare personiel.

In stokâlde frou út de Rottefalle fertelde my dat hja as jongfaam noch by de o sa soasjaal fielende ds. J.A. Visscher tsjinne hie, mar dat hja yn al dy jierren nea by de  dûmnysfemylje oan tafel iten hie. Har plak wie yn de koken.


Op souder

Ynwenjende tsjinstboaden hienen earne yn it hûs in eigen keammerke. Sa kin men bygelyks op de souders fan âlde pastorijen noch de fammekeamers oantreffe, dêr’t eartiids de ynwenjende faam har sliepstee hie.

Dat wie ek sa op de Jorwerter pastorij. De oare sliepkeamers op de boppeferdjipping kamen út op de gong, mar om yn de fammekeamer te kommen moast men oer de souder. Yn de tiid doe’t wy dêr wennen (1983-2006) wie dy keamer der noch.

Jan Slauerhoff moat op syn besites by de femylje Hille Ris Lambers en yn de kunde kommen wêze mei de tsjinstfaam, it famke dat tsjinne op de pastorij en dat sliepte op de fammekeamer.

It is bekend dat er tige begien wêze koe mei minsken dy’t op ien of oare wize yn in kwetsbere posysje sieten. Sa moat er ek each hân ha foar dat famke dat tsjinne op de Jorwerter pastorij. En dan benammen foar it eigenaardige plak dat se dêr ynnaam en dat er sa treflik beskriuwt yn syn gedicht ‘De dienstmaagd'.

Oan de iene kant mocht hja der by hearre, mar oan de oare kant ek hiel dúdlik wer net. It iennichste plak dêr’t hja noch in bytsje harsels wêze koe, wie it keammerke op de souder. Mar echt privacy hie se dêr ek wer net. Slauerhoff hie in djip begrutsen mei har.


En har namme wie Rosa Künemund

Nijsgjirrich is dat yn ús tiid itselde blomkebehang der ek noch hong lykas Slauerhoff beskriuwt yn syn gedicht en ek dat de doar net goed slute woe. Hans Hille Ris Lambers, in soan fan de bekende Jorwerter dûmny en dy’t wolris by ús op besite kaam, ferbaasde him deroer dat it fammekeammerke der noch krekt ende lyk

útseach as eartiids.

Hy wist ek noch dat it famke dat model stien hat foar it gedicht Rosa Künemund hiet. Hja kaam earne út Dútslân wei en har heit wurke dêr by de spoarwegen. As dy op de fyts nei Jorwert ta kaam om syn dochter op te sykjen, dan hie er steefêst de pet fan syn unifoarm op de holle.


Rienk Klooster



DE DIENSTMAAGD


Niet uitgestooten en niet opgenomen,

Geen vreemdeling en toch niet een der hunnen,

En niets haar eigen, alles gunst of leen.

Zij zijn de meesters en zij kunnen

Altijd haar leven binnenkomen,

Dat zij, zoo altijd eenzaam, nooit alleen,

Niets houden kan voor zich en om zich heen.


Waar zou zij heen gaan? Midden op de vliering

Heeft men een kleine ruimte afgeschoten,

Haar kamer genoemd;

Verschoten doeken dienen voor versiering,

De wapperende deur kan niet gesloten

En het behang is grof gebloemd.


Zij heeft zoo naar een fijn gewaad verlangd,

Een hemdje van batist, dat ‘t eigne teedre

Afhouden kan van de gehate kleedren,

Waarin het klam, aanklevend hangt

Als geur: dat zij een deel van haar loon.

Eerst als zij alles afwerpt, wordt zij zuiver

Zelf en bevrijd, maar dan drijft haar een huiver

In ’t kille bed, dat haar als vreemde ontvangt.

Wat geeft haar dan het weten: ik ben schoon.

Vreugde niet meer, alleen een niet vergeten

Verloren rijkdom, lang geleên bezeten.


Er is geen avond, waar zij na haar dagen

Als bij vertrouwde liefde, bijna onbemerkt

Kan toeven, want haar arbeidsjaren vragen

Waarom zij leeft als zij niet werkt;

Als meesters die niet dan aan hen verschulde,

Door hun gunst toegestane vreugden dulden.


Haar zijn ligt open. In vele eenzaamheden

Had zij ’t verstrooide leven nog bijeengewonnen . . .

Uit een verlatenheid die elk kan overtrede’

Wordt dit teer weefsel niet gereedgesponnen,

En anders weten zíj wel met getoond verachten

En hoon voor haar doorwaaktheid te verkrachten

Die nauwlijks opgerichte trots uit nauwe nachten

En de bevrijding die begon.




‘De wapperende deur kan niet gesloten

En het behang is grof gebloemd’