grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maaie 2011
Slauerhoff en Jorwert (6)
Ien fan de moaiste Jorwerter gedichten is nei myn idee ‘Na jaren’ út de bondel Saturnus.
It is in sonnet, d.w.s. it bestiet mei-
Yn it gedicht komt de dichter nei jierren wer op it plak dêr’t syn leafste ienris wenne. Hja is ôfreizge nei Ingelân en hat har dêr besteld as gûvernante. Hy rint te mimerjen troch de tún en siket wer it plak op ûnder de beammen by it wetter, dêr’t hja jûns by it ûndergean fan de sinne sa faak tegearre stien hawwe.
Alles is noch krektlyk as alear, allinne in bytsje oars. De tún mei syn paden leit der noch like fredich en suterich hinne, mar de sinneblommen steane wat heger as doe.
Hy sit in skoftke by de pastorijbewenners om wat by te praten (Jan Slauerhoff wie tige befreone mei dûmny en mefrou Hille Ris Lambers), stekt in pipe op en lit syn gedachten wat gean. Dan siket er de lege keamer fan ‘e dûmnysdochter op.
Ek dêr stiet alles noch op itselde plak, allinne hja is der net mear . . .
Dan befalt him ynienen it tryste gefoel as stiet er yn in roukeamer.
Half landelijk, half mondain
En sa is ‘Na jaren’ ien fan dy wat mankelike romantyske gedichten fan Slauerhoff mei as tema de langst nei de leafste dy’t net te berikken is en it fertriet dêrom.
Hiel sprekkend is syn omskriuwing fan de faam dy’t er dêr sa mist: 'half landelijk, half mondain'.
Heleen wie yndied opgroeid op it plattelân midden de bern fan it doarp, mar fanwegens har opfieding yn it yntellektuele fermidden op de pastorij wie hja sels hielendal gjin doarpsbern. Har kimen leine folle fierder.
It wie it brûzjende libben fan de grutte stêd dat har luts. Sa bedarre hja op goed tweintichjierrige leeftyd al yn Londen. Oan it lêst ta wienen de oantinkens oan Jorwert, it doarp fan har jeugd en de pastorij dêr mei syn bysûndere sfear, har tige djoer.
Rienk Klooster
NA JAREN
Alles heb ik teruggevonden,
Bekoorlijk verwaarloosd als ‘t vroeger was:
Het groene pad begroeid met spichtig gras,
De zonnebloemen, die toen lager stonden;
Het stille van den hof en het grijsblonde
Van zon laatglanzend door beslagen glas.
Achter in de tuin begon de ondiepe plas,
Waar we elkaar ’s avonds onder takken vonden.
Alles: niet ’t lief, half landlijk, half mondain,
Wankle bekoorlijkheid die zich verliest
In Engeland, ‘k geloof als gouvernante.
Ik stopte een pijp en peinsde en zei: “Enfin”…
Maar zweeg toen ik haar kamer vond, triest
Als een zoo maar gelaten chapelle ardente.
Heleen Ris Lambers