Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Septimber 2011


Slauerhoff en Jorwert (7)


Yn de measte fan artikels yn dizze rige gong it oer de bysûndere relaasje dy’t Jan Slauerhoff hie mei de femylje Hille Ris Lambers en dan wol yn it bysûnder mei Heleen. Yn dit lêste artikel oer Slauerhoff en Jorwert wol ik it ha oer ús persoanlike freonskip mei dyselde Heleen. Myn frou en ik hawwe nammentlik it foarrjocht hân noch persoanlik mei har yn de kunde te kommen. Alhoewol’t hja al op hege jierren wie doe’t wy har kennen learden, late de moeting ta in freonskipsrelaasje dy’t noch net iensen in jier duorre hat, mar dy’t wol hiel yntinsyf wie. Heleen hat net allinne op ús beiden mar ek op ús bern in hiele djippe yndruk neilitten. Dêr wol ik dan no wat oer fertelle.  


It kontakt mei Hans Hille Ris Lambers

It begjint mei de âld-jorwerterdei fan septimber 1987. Der soe yn Jorwert in feestlike dei wêze foar dyjingen

dy’t har bernejierren yn Jorwert trochbrocht hiene dan wol der oars in skoft wenne hienen en noch altiten in bysûndere bân fielden mei it doarp en syn bewenners. Mei it each op dizze doarpsréuny soe der in boek

gearstald en útjûn wurde mei foto’s en ferhalen oer it Jorwert fan doe en no.

Hja hienen my ek frege om sit te nimmen yn de redaksje. Dat brocht my yn de kunde mei in hiel soad minsken, Jorwerters en âld-Jorwerters. Omdat ik wolris ferhalen heard hie oer de femylje Hille Ris Lambers en ek op de hichte wie mei it wurk fan Slauerhoff, like it my nijsgjirrich om ris kontakt te sykjen mei dy femylje.

Faaks koe ik dêr noch slagje oan gaadlik fotomateriaal foar ús réuny-boekje.

Sa hearde ik dat yn Mullum noch in soan fan de eardere dûmny wenne, Hans Hille Ris Lambers.

Ik socht kontakt mei him en hy wie fuortendaliks ree om my te ûntfangen. Hans, dy’t yn syn hert noch altiten in Jorwerter bleaun wie siet dy moarns echt op de praatstoel en wie ree om alderhande âlde foto’s oan my út te lienen.

Sa ûntstie der in hiel hertlike relaasje mei Hans en syn frou Jetty. In kear as wat ha se by ús op besite west en hy geniete derfan om ris werom te wêzen yn it hûs dêr’t er syn bernejierren trochbrocht hie.

In pear jier letter, yn jannewaris 1990, krige ik berjocht dat Hans slim siik wie en dat er noch mar in dei as wat te libjen hie. Doe’t ik him opsocht, frege er my oft ik de útfeart dwaan woe en de routsjinst woe

er graach yn de Jorwerter tsjerke ha.

De oare deis is er stoarn en noch dyselde wyks wienen de routsjint en de kremaasje.  


Earste besites by Heleen

In pear dagen letter fûn ik in brief op de matte fan mefrou H. Verhagen-Hille Ris Lambers út Rockanje.

Hja wie de âldste suster fan Hans, hie fanwegens har hege leeftiid en har breklike sûnens net by de útfeart wêze kinnen, mar hie heard oer de routsjinst, betanke my tige foar wat ik foar har broer betsjut hie en soe graach in kopy ha wolle fan myn taspraak. Ik begriep dat dit de frou wêze moast út de gedichten fan

Slauerhoff. Ik stjoerde har in kopy fan de tsjinst ta, mei in begeliedend brief dêr’t ik ek yngong op de bân dy’t Slauerhoff hân hie mei de pastorij en syn bewenners. It gedicht ‘Na jaren’ hie ik brûkt yn de tsjinst. In dei as wat letter krige ik in brief werom mei alderhande bysûnderheden oer de freonskip dy’t hja yn har jonge jierren hân hie mei Jan Slauerhoff.

En dêrnei krige ik wer sa’n brief. Dit kear nei oanlieding fan in kranteartikel. Sa ûntstie der in hiele briefwiksel en yn de maityd fan 1990 noege hja ús út om elkoar ris te moetsjen en wol by har thús yn Rockanje. Myn frou en ik hawwe doe (mei ús Geart dy’t doe in beuker wie) op 22 juny 1990 by har op besite west. It reinde dy deis dat it eaze en wit ik noch dat der in muoike-sizzer fan har wie dy’t foar de iterij soarge. Mar wy hawwe sawat de hiele dei sitten te harkjen nei Heleen har ferhalen: oer Jorwert, oer har femylje, oer har libbensrin en net te ferjitten oer Jan Slauerhoff, dy’t sa’n bysûndere rol yn har libben spile hie.

Hja liet ús har fotoboeken sjen mei prachtige foto’s út dy tiid. Sadwaande ha wy ús dy dei de eagen útsjoen en mei sân pear earen harke nei de ferhalen fan dizze o sa bysûndere en yntelliginte frou.

Op ien of oare wize stelde hja it tige op priis om de minsken te moetsjen dy't no yn harren âlde pastorij wennen. Doe't it dy middeis efkes droech waard ha wy efkes in kuierke makke troch de pachtige tún dy’t om har âlde hûs – eins wie it in âlde buorkerij - hinne lei.

Dêr fertelde hja ús oer in hiele wûnderlike dream dy’t hja ea hân hie oer har en Jan Slauerhoff.


Fakânsje yn Rockanje

Doe’t wy wer nei hûs soenen, noege hja ús út om dyselde simmer mei ús fiif bern de fekânsje by har troch te bringen. Yn de tún wie wol romte foar de tinten en it Noardseestrân wie tichteby.

Dat like ús wol wat en sadwaande ha wy mei ús bern yn 1990 in ûnferjitlike simmerfekânsje fan trije wiken trochbrocht yn Rockanje. Prachtich waar wie it en allegearre ha wy geniete. Fan Heleen har gastfrijheid, fan har ferhalen, mar benammen ek fan de bysûndere frou dy’t se wie. Nettsjinsteande har hege leeftiid, hja wie 92, hie hja in soad kontakten. Alle dagen kamen der minsken oer de flier, útfanhuzers, minsken om har te helpen en om har selskip te hâlden, foar te lêzen bygelyks. Hja wie in frou dy’t net allinne tige belêzen wie, mar ek beskikte oer in soad libbenswysheid en humor.

Hja koe prachtich fertelle, mar ek o sa goed harkje. Alderhande minsken kamen graach by har om harren ferhaal by har kwyt te kinnen. Hja striele in ynderlike rêst en harmonije út hie tagelyk wat aristokratysk oer har, sawol yn har wat argayske taalgebrûk as yn har uterlik en yn har persoanlike styl.

Sa wie hja oertsjûge antroposofe, oanhinger fan de lear fan Rudolph Steiner.

As men by har troch de doar kaam, hie men it idee dat men hûndert jier tebek wie yn de tiid. Hja libbe hiel sober sûnder tillefyzje of oare nijmoadrige apperatuer (allinne in radio foar it nijs). Alles yn ‘e hûs wie âld en in bytsje foarnaam:

in âld klok en âlde pertretten oan it lewant; âlde stuollen om in hege tafel hinne;

in âld koale-kachel mei dêrop in âld treppot, mar wol fan sulver; skurve kopkes en pantsjes, mar wol stylfol; âlde leppels en foarken, mar alles fan sulver; in âld piano; in kast mei âlde boeken yn ferskillende talen en oeral blommen.

Ek ús bern hawwe yn dy wiken in hiele bysûnder bân krige mei ‘tante Heleen’, dy’t sa’n belangstelling hie foar wat se by de ein hiene, en dy’t noch mei krektens de yndieling wist fan de pastorij en dy’t sa moai fertelle koe oer hoe’t it libben yn Jorwert wie yn har bernejierren. Heleen dy’t alle dagen nei har brievebus gong om de brieven derút te heljen. Heleen dy’t sa wiis wie mei de fûgeltsjes yn har tún, dy’t sels sa nuet wienen dat se tsjin it glês oantikken en út har hân ieten.


De dea fan Heleen

Nei de simmer ha wy noch ien kear by har útfanhuze. Dat wie yn de hjerstfekânsje yn oktober. Heleen dy’t doe hast folslein blyn wie en lykas hja sei ‘mei pillen byelkoar hâlden’ waard, seach op tsjin de lange winter en hie hiel goed troch dat hja net lang mear te libjen hie.

By ús lêste besite haw ik alle foto’s krige dy’t hja hie út har jeugd yn Jorwert en ek dy’t hja hie fan Jan Slauerhoff. Hja sei: ‘Ik zie er toch niets meer van en bij jou zijn ze in goede handen’.

Yn de peaskefekânsje fan 1991 hienen we wer nei har ta sillen, mar in pear dagen foar Peaske krigen wy it berjocht dat hja stoarn wie. Wy ha der doe al hinne west, mar no om har wei te bringen . . .

Yn Rockanje ha wy noait wer west, mar Heleen nimt no jierren letter noch in hiel bysûnder plak yn ús hert.

 

Heleen fertelde my dat Jan Slauerhoff yn it lêst fan syn libben, doe’t er sa slim siik wie, by har yn Meran kaam en twa gedichten by him hie.

It iene wie in prachtich gedicht oer syn heit, ‘In memoriam patris’, en in gedicht oer himsels ‘In memoriam mijzelf’. Ik hear har noch sizzen dat ze it in ‘afschuwelijk’ gedicht fûn. Dochs is it ien fan syn meast bekende gedichten wurden.


By dy lêste besite hat Jan oan Heleen frege om mei him mei te gean nei Yndonesië. Heleen hat dat wegere, omdat hja op dat stuit yn Meran net mist wurde koe. Hja wie dêr partikulier ferpleechster en hie de soarch oer har hûsgenoat Lex Redelé, dy’t swier Parkinson-pesjint wie. En pear wike letter krige Heleen in tillegram mei it

berjocht dat Jan ferstoarn wie. Hy hie it lêste eintsje fan syn libben trochbrocht yn Villa Carla te Hilversum.

Jan Slauerhoff hat dêrnei altiten in bysûnder plak ynnommen by Heleen. Sa hie hja nei syn ferstjerren in dream dêr’t hja ús by ús besite op 22 juny 1990, doe’t wy mei har troch de tún kuieren, oer fertelde. Oer dyselde dream hat hja it ek yn in brief oan de skriuwer H.C. ten Berge, mei wa’t hja befreone wie. Yn syn boekje Van een liefde die vriendschap moest blijven, hellet er dy brief fan Heleen oan:


‘De hele morgen ben nu al bezig met dit alles, na een intensief beleven als ik nooit meer had. Ik weet ook hoeveel verdriet wij beiden [Heleen en Jan] hebben gehad, door dit ‘Schicksal’ dat wij samen moesten doormaken in dit leven. Na zijn dood, wanneer dat was, weet ik niet meer, had ik een wonderlijke en troostende droom: wij liepen met zijn drieën – wie de derde was weet ik niet – door een landschap zoals de Veluwe deze heeft, met een mulle zandweg, daarnaast een verhard paadje, heel bizonder vredig, misschien mag je zeggen samen en in de verte – zo leek het – doemden vele kerktorens op. Het was zo mooi, zo haast bovennnatuurlijk stil, vredig harmonisch, dat ik het nooit zal vergeten’.


Fan 1990 oant 1991 ha wy Heleen meimakke. Hja wie doe 92 jier. De freonskip mei har hat op ús in

ûnferjitlike yndruk makke. Ik kin wol sizze dat hja ien fan de meast bysûndere minsken is dy’t wy ea yn ús libben moete ha.


Rienk Klooster


Riek Klooster mei har soan Geart en

 Heleen Ris Lambers yn de tún yn Rockanje

op 22 juny 1990.


IN MEMORIAM MIJZELF


Door vijanden omringd,

Door vrienden in den nood

Geschuwd als aas dat stinkt,

Houd ik mij lachend groot,

Al is mijn ziel verminkt,

Mijn lijf voor driekwart dood.


In ’t leven was geen dag

Ooit zonder tegenspoed.

Ik leed kwaad en deed goed;

Dat is een hard gelag.

Nu in verloren slag,

Strijd ik met starren moed


Bedekt met sneeuw en ijs,

Getooid door menig lijk,

Van wie de dwaze reis

Deed naar mijn innerlijk,

Eens vroeg licht als parijs,

Nu ’t poolgebied gelijk.


Ik laat geen gaven na,

Verniel wat ik volbracht;

Ik vraag om geen gena,

Vloek voor- en nageslacht;

Zij liggen waar ik sta,

Lachend de dood verwacht.


Ik deins niet voor de grens,

Nam afscheid van geen mensch,

Toch heb ik nog een wensch,

Dat men mij na zal geven:

‘Het goede deed hij slecht,

Beleed het kwaad oprecht,

Hij stierf in het gevecht,

Hij leidde recht en slecht

Een onverdraagzaam leven’.