grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maart 2009
Nij diakonaal doel: stifting Sviatoslav
Mei yngong fan 1 april o.s. ferfangt it FOWE it diakonale doel yn Kigali yn Rwanda foar in oaren.
Net om’t it yn Rwanda net mear nedich is, mar om’t it bestjoer it wichtich fynt om minsken hieltyd wer attint te meitsjen op de need yn de wrâld. En dêrtroch mear te berikken as troch hieltyd itselde doel te stypjen.
De Stifting Sviatoslav set har sûnt 2001 yn foar kânsearme bern yn Sint Petersburch. De stifting hat in tal projekten opset mei as haaddoel soarch, leafde en omtinken te jaan oan sike bern en oan weesbern.
Leafde en omtinken dy’t se och sa nedich hawwe, mar al te faak misse moatte.
De stifting is op dit stuit aktyf yn in wees-
De Russyske meiwurk(st)ers fan de stifting binne in harkjend ear foar dizze bern.
Medyske soarch allinne foar dy’t it betelje kinne
Ien fan de oare projekten is yn in sikehûs foar bern dy’t kanker hawwe. De measte bern dy’t kanker krije, moatte minstens in jier yn it sikehûs bliuwe. De alden moatte hjir sels foar har bern soargje, 24 oeren deis.
It medyske personiel docht allinne it heechst needsaaklike. Dat betsjut dat âlden faak har baan opsizze moatte om foar de bern te soargjen, mar dan gjin ynkomsten mear hawwe om de behannelings te beteljen, want minsken ha faak gjin syktekostefersekering yn Ruslân.
Sviatoslav soarget derfoar dat der acht oeren deis in boartersseal iepen is, sadat de bern – nettsjinsteande
har sykte – dochs noch in bytsje bern wêze kinne.
Dêrneist betellet Sviatoslav geregeldwei medyske behannelings dy’t de âlden fan de bern net sels opbringe kinne.
Strjittebern
Yn gearwurking mei de stifting Alie Parusa set Sviatoslav har ek yn foar bern dy’t gjin tehûs hawwe en op ‘e strjitte libje. Allinne al yn Sint Petersburch libje in goed 7.000 bern op ‘e strjitte. In soad bern hawwe noch wol âlden, mar om’t se thús slein en/of misbrûkt wurde, binne se útnaaid.
Yn in opfang wurde op dit stuit 7 bern opfongen, dy’t foarhinne op strjitte libben. No krije se de kâns om wer nei skoalle te gean en op te groeien yn in normale gesinssitewaasje. Dêrneist wurdt in pear kear wyks goed en waarm iten op fêste plakken yn de stêd útdield oan bern.
Tadzjikistan
Sûnt 2005 is Sviatoslav ek aktyf yn Tadzjikistan. Yn it sikehûs yn Ruslân kamen minsken fan de stifting yn oanrekking mei in tal Tadzjykske bern. Dy bern komme út in ynternaat, dêr’t sa’n 260 bern dy’t lichaamlik beheind binne, yn ûnderbrocht binne. Se sitte dêr ûnder jammerdearlike omstannichheden. Oant koartlyn wie der foar alle 260 bern mar ien bad en it húske wie net mear as in gat yn der grûn, dat net iens tagonklik wie foar bern mei in hendikep.
Yn de simmer fan 2007 hat in grutte ploech Fryske jongerein nei Tadzjikistan west om nije sanitêre foarsjennings te bouwen. De bern kinne no nei in gewoan húske en ûnder de brûs.
Geregeldwei hellet Sviatoslav bern nei Nederlân om heechst needsaaklike operaasjes út te fieren.
Dêrneist hat Sviatoslav in stúdzjeflet/hûs iepene dêr’t no 30 bern mei in hendikep wenje kinne.
Se kinne no ek wer nei skoalle en dat is foar har in unike kâns, want bern mei in hendikep steane yn Tadzjikistan bûten de gewoane maatskippij. Sa ha se wer kâns op in minskweardich bestean.Sviatoslav hat dan ek plannen foar in wenprojekt ûnder begelieding, sadat noch folle mear bern holpen wurde kinne.
Foar fragen of ynformaasje oer de stifting Sviatoslav kinne jo sjen op www.sviatoslav.com of in E-
Minsken dy’t Sviatoslav stypje wolle, kinne har jefte oermeitsje op: 34.06.31.252
Op tiisdei 17 febrewaris hat op Omrop Fryslân yn it programma Minsken in lytse dokumintêre oer it wurk fan de Stifting Sviatoslav yn Tadzjikistan te sjen west.
Út namme fan de Stifting Sviatoslav
Boukje Fokkema