Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Maaie 2014


Twa ferskillende wizen fan leauwen


De filosoof Karl Popper hat it yn syn autobiografy oer in fûneminteel ferskil tusken kritysk en dogmatysk tinken. Dogmatysk tinken giet út fan in teory en besiket dêr oars net as befêstigings foar te finen. Kritysk tinken giet derfan út dat wy gjin wissichheden krije kinne, mar dat in teory altiten in fermoeden bliuwe sil. Dêrom moat in teory altiten iepen stean foar krityk en de mooglikheid dat er ferbettere en sels hielendal ûnderút helle wurde kin. Dat is net slim, want men leart fan krityk en troch krityk komt men tichter by de wierheid. Sa is der yn elts gefal foarútgong fan kennis.


Dogmatyk en tradysje

Datselde wat yn de wittenskip jildt, jildt neffens my ek foar it leauwen. Ek dêr bestiet in fûneminteel  ferskil tusken in dogmatyske en in krityske hâlding. In dogmatysk systeem giet út fan it eigen gelyk en siket allinne mar nei arguminten om it systeem oerein te hâlden, te befêstigjen en ticht te timmerjen. Nije dingen wurde net leard en der is gjin foarútgong. By in krityske wize fan leauwen wurdt derfan útgien dat absolute wissichheid net bestiet, dat wat men leaut altiten in fermoeden bliuwt en dat men troch iepenheid foar krityk fierder komt en hooplik tichter by de wierheid. Men sit ommers yn in learproses en men leart fan krityk.  

Fan dy beide fûneminteel ferskillende wizen fan tinken waard ik my bewust, doe’t ik twa boeken ûnder eagen krige: fan G. van den Brink en C. van der Kooi, Christelijke dogmatiek. Een inleiding (Zoetermeer 2012) en fan Herman Wiersinga, Geloven bij daglicht. Verlies en toekomst van een traditie (Baarn 1992). It twade boek is dus sa'n tweintich jier earder ferskynd as it earste, mar ik hie it noch noait lêzen. Tusken beide boeken bestiet in wrâld fan ferskil. Van den Brink en Van der Kooi geane út fan de wierheid fan it tradisjonele dogmatyske skema en dogge oars net as arguminten sykje om dat oerein te hâlden, wylst Wiersinga oanjout dat er dêr folslein yn fêstrûn is, der jierrenlang  mei wraksele hat en no bewust ôfstân nimt fan in tal wichtige tsjerklike learstikken. Hy hat it oer twa wizen fan leauwen, dy’t neist elkoar besteane en dy’t net byelkoar komme kinne.  Wiersinga hellet dêrby de wittenkipsfilosoof Thomas Kuhn oan dy’t it hat oer ferskil yn ‘paradigma’.

Mei in paradigma bedoelt Kuhn in ‘wize fan tinken’. Der binne ferskillende paradigma’s mooglik. Ferskillende wizen fan sjen nei de werklikheid.

Dat ferskil yn tinkwizen kin sa grut wêze dat minsken elkoar net fersteane. En ek dat de ferskillen net te ferienigjen binne. Datselde besiket Wiersinga dúdlik te meitsjen foar de wrâld fan it leauwen en de teology. Wiersinga is fan grifformeard komôf, mar hat dat teologyske paradigma ferlitten en him der by eintsjebeslút fan distansjearre. En foar syn gefoel kin er ek net werom, sa bot is er yn syn tinken en syn leauwen op in oar spoar bedarre. En safier ôfrekke fan de tradisjonele tsjerklike dogmatyk.


Opromming?

Yn syn boek neamt er in tal learstikken / dogma’s dy’t foar him ôfdien hawwe.


1 Om te begjinnen de lear oer God as de Almachtige. De God dy't alles wit, alles kin, alles beskikt en oeral yngripe kin. In almachtige God is net te rymjen mei in God fan leafde.


2 Allyksa distansjearret er him fan de lear fan de godlike trije-ienichheid: de teologyske konstruksje dat God de himelske Heit, Jezus Kristus as de Soan fan God en de Hillige Geast ien godlik wêzen binne. Trije en tagelyk ek wer ien.   


3 Hy nimt ek ôfstân fan de lear fan de erfsûnde.

De minske wurdt op dy wize beladen mei sûnde en skuld, in negativiteit dy’t him deltriuwt en dêr’t er neat oan dwaan of feroarje kin.


4 In oar dogma dat foar him ôfdien hat, giet oer de tradisjonele opfetting oangeande de persoan fan Jezus Kristus, de Iennichstberne Soan fan God, dy't  twa natoeren hat: in godlike en in minsklike natoer en dy’t op in boppenatuerlike wize berne wêze soe út de faam (maagd) Maria.


5 Hy distansjearret him ek fan de lear fan fersoening troch 'foldwaning'. Troch de wrede dea oan it krús hat Jezus betelle foar de sûnden fan de minskheid. God koe de sûnden fan de minsken net ferjaan, sûnder dat der foar betelle waard. Om't gjin minske dat koe, hat er syn eigen Soan nei de ierde stjoerd om dy dêr troch syn dea oan it krús foar betelje te litten. Nei Goed Freed is God dus tefreden, de skuld is foldien, en kin God de minsken har sûnden ferjaan. Dizze lear wurdt ferkundige yn de Heidelberger Kategismus, ien fan de offisjele formulieren fan de PKN, mar is ûntliend oan it boek Cur Deus homo (Wêrom't God minske waard) fan de midsieuske teolooch Anselmus fan Canterbury. Wiersinga distansjearret him dan ek fan de bluodrige krúsferhalen en krúsbylden en fan de gedachte dat God earst bloed sjen woe foardat er oergean koe ta ferjeffenis.


Wêr giet it om yn it leauwen?

Men kin jin ôffreegje wat Wiersinga noch oan leauwen oerhâldt nei dizze opromming. Dat komt yn it boek net sa bot nei foaren, mar hy seit wol dat de Jezusfiguer foar him in bliuwende boarne fan ynspiraasje is. Dat er him benammen oansprutsen field troch de evangeelje ferhalen. God is foar him de himelske Heit, dy’t  foar alles ‘leafde’ is.

Dat is dus in hiel oar teologysk ‘paradigma’ as dy fan it tradisjonele grifformearde protestantisme. Ferskillende paradigma's binne it, dy’t wat Wiersinga oanbelanget beide har besteansrjocht hawwe, mar dy't net te ferienigjen binne. Dêrmei slút er oan by wat Anne van der Meiden skriuwt yn syn boek Een ander fundament. Orthodox en vrijzinnig: een confrontatie (Baarn1988). Dizze teolooch is der krekt as Wiersinga fan oertsjûge dat der yn it Nederlânske protestantisme twa ferskillende streamings binne: ien dy't dogmatysk en ien dy't kritysk fan ynslach is.

Dat fûnemintele ferskil yn útgongspunt kin men net bagatellisearje, útpoetse of oersljochtsje. It binne twa ferskillende paradigma’s. By it lêzen fan in dogmatykboek as dat fan Van der Brink en Van der Kooi, auteurs dy’t oars net dogge as de tradisjonele lear ferklearje en ferdigenje,  ûntkomt men net oan de gedachte: O sa goed bedoeld, mar dizze mannen fertsjintwurdigje in oare geastlike wrâld. In wrâld fan leauwen en tinken dy’t mines net is. Wiersinga syn boek kin ik dan ek noch altiten tige wurdearje fanwegens de krityske, earlike en oprjochte hâlding dy’t dêryn  op jin ta komt.  It set jin oan it tinken oer wat yn it leauwen wol of net bestân is tsjin skerpe en earlike krityk en wêr’t it yn it leauwen wol en wêr’t it net om giet. En sa helpt Wiersinga jin om jins posysje datoangeande te bepalen.


Rienk Klooster




Ten Have, 1992

 ISBN 9025944825